Trije skriuwers út de regio yn de prizen
Yn de jiergearkomst fan de KFFB waard troch karkommisjelid Pytsje de Graaf bekend makke dat der 4 manuskripten yn de prizen fallen wienen.
Yn de jiergearkomst fan de KFFB waard troch karkommisjelid Pytsje de Graaf bekend makke dat der 4 manuskripten yn de prizen fallen wienen. Dat wienen: Rommert Tjeerdsma fan Marrum foar it boek Ferliezers, Anders Minnes Rozendal fan Dokkum foar it boek It sunhousemystearje en Tineke de Jager-van der Zee ek fan Dokkum foar Kiloknallers en It gouden earizer fan Nelly Jongsma-de Jong.
It boek Kiloknallers is foarich jier útkaam en te keap by de KFFB, Ferliezers ferskynt yn febrewaris en it Sunhousemystearje yn maaie. Yn septimber ferskynt de debútroman fan Nelly Jongsma-de Jong, It gouden earizer. Ek waarden de 8 winners bekend makke dy’t yn it kader fan it 80 jierrich bestean fan de KFFB in ferhaal skreaun hienen dat yn in ferhalebondel fan ’t hjerst ferskine sil. De KFFB bestiet al 80 jier en alle jierren jout se 3 boeken út mei in oplage fan 1500. De iennichste boekeklup fan Nederlân.
Leden krije dy trije boeken foar 9 euro it stik. Foar de priiswinners, dy’t ek noch 2500 euro taskikt krije, is it altyd moai dat der sa’n grutte oplage fan harren boeken drukt wurdt. Manuskripten kinne by de KFFB ynlevere wurde.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.