vrijdag
10
januari

Try-out fan toanielselskip ‘De Lytse Komeedzje’ út Drachten yn Moddergat

zondag 05 januari 2020
Locatie: Moddergat
Begin datum: vrijdag 10 januari 2020 00:00

Ek nocht om der wer ris in jûntsje út te wêzen, en net foar de telefyzje te sitten? Dan kin dat wer op freed 10 jannewaris. Kom nei de Try-out fan toanielselskip ‘De Lytse Komeedzje’ út Drachten yn Moddergat.

It toanielselskip fiert dan it toanielstik op mei de titel:
“Ach, in pûntsje mear of minder”
Fan Rien Bakker, Oerset troch Abele Krist.

Toanielstik
It Beautysintrum Slank-O-Fit bestiet 25 jier en dêrom is de direksje op fakânsje. Gelokkich is it sintrum yn fertroude hannen fan fakkundich personiel. Krekt dan komt de ynspeksje lâns foar har jierlikse kontrôle. Under it personiel brekt lichte panyk út en se sette alles op alles om dizze wike sûnder wryt of slyt troch te kommen. Mar kinne in ynfalkrêft, in oerentûsjaste masseuse en in klussende badmeester dit oan? En hoe ûnderfine de gasten dit ?

Tiid: Jûns om acht oere, doarren iepen om healwei achten
Lokaasje: ‘De Wynroas’, Seewei 40, Moddergat
Tagongspriis: Foar leden Doarpsbelang: € 6,-   Foar net-leden: € 7,50
Kaartferkeap oan de doar.

Nei ôfrin fan it stik is der in ferlotting mei prachtige prizen.
Skroom dizze kear net om te kommen, it wurdt fêst in noflike jûn mei in soad hilariteit.

Fansels sjogge wy jimme graach allegearre!!

Doarpsbelang Peazens-Moddergat

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio