Verhalenavond giet oan!
LJOUWERT – Verhalenavond op 26 novimber giet oan. De parsekonferinsje fan freed 12 novimber en de ôfkundige maatregels ha fansels wol gefolgen foar Verhalenavond
LJOUWERT – Verhalenavond op 26 novimber giet oan. De parsekonferinsje fan freed 12 novimber en de ôfkundige maatregels ha fansels wol gefolgen foar Verhalenavond. Wy kinne net mear fertelle by minsken thús bygelyks. We ha alle fertellers sammele op in oantal ‘gruttere’ lokaasjes troch de provinsje hinne. Mar Verhalenavond bliuwt in jûn mei bysûndere en persoanlike ferhalen mei as tema Taal fan myn hert.
Op sa’n tweintich lokaasjes kinst harkje nei santich persoanlike ferhalen. Bygelyks ferhalen oer taal en demintens, ‘misbegryp’, strjittaal, taal fan in dokter, flechtlingen dy ’t in nije taal leare moatte, in tatoeaazje as dierber oantinken en oer in katoenplant yn relaasje tot it slavernijferline. Njonken persoanlike ferhalen binne der ek in tal kuiers yn it Liwadders, is der in dûns fan it dûnsselskip Ivgi & Greben en wurde der gedichten foardroegen mei útlis oer it ûntstean fan it gedicht. Allegearre ferhalen út besieling en passy wei. Dizze selekte greep út alle ferhalen jout mar oan hoe ferskaat it oanbod is op 26 novimber.
Alle lokaasje ha in programma foar de jûn gearstald en starte tusken 19.00 en 20.00 oere, in oantal programma’s wurde herhelle. By de yngong wurd de QR koade kontrolearre. Der binne ferhalen yn Ljouwert, Burgum, Wommels, Bûtenpost, Ljussens, De Gordyk, Iens, Snits, Berltsum, Tytsjerk, Warkum, Frentsjer en op it Amelân.
It publyk kiest op de webside verhalenavond.nl in lokaasje en krijt sa dochs noch in grut ferskaat oan ferhalen te hearren op ien plak. Hjirmei wol de organisaasje derfoar soargje dat Verhalenavond trochgiet op in feilige en ferantwurde manier, foar sawol de besiker as de ferteller. Verhalenavond is in produksje fan Pier21.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.