VIDEO: Optocht Moarre-Ljussens met versierde wagens

vr. 23 juni · 18:162023 · 18:16 · Lisa Taekema

REGIO – Vanwege het dorpsfeest was er een optocht met versierde wagens van de dorpen Moarre en Ljussens. 

RTV NOF

REGIO – Vanwege het dorpsfeest was er een optocht met versierde wagens van de dorpen Moarre en Ljussens. De optocht maakte een rondje door de omliggende dorpen. RTV NOF kwam de optocht tegen en maakte een compilatie.

Tongersdeitejûn waard it twa jierlikse doarpsfeest fan Moarre-Ljussens úteinset mei in Strjittestriid. Sa’n 170 dielnimmers strieden per strjitte troch opdrachten om de heechste punten. Freedtemoarn wie de optocht mei fersierde weinen, 19 keunstwurken stiene opsteld yn de buorren fan Moarre en makken in rûngong troch ferskate plakken yn de omjouwing. Freedtemiddei wie der foar de bern fan de basisskoalle in seis-kamp en dêrnei wie der wer allegear kreativiteit út eigen doarpen yn de Playbackshow. Nei de tiid brocht D.J Harry de stimming deryn.

De oranjeferiening hie alles ta yn de puntsjes taret. Ien ding koene se lykwols net organisearje en dat wie it waar. Mar ek dat wie perfekt en in ekstra bonus op dizze feestlike dagen. Al 40 jier wurdt der tidens it doarpsfeest in seis-kamp foar de jeugd en alles wat dêr boppe sit, hâlden. It wie betiden switten mar de spultsjes wiene wer in súkses. Op de neimiddei makken de fersierde weinen wer in rûngong. No troch eigen doarpen en dêr kamen in bulte minsken op ôf. Fêst troch it waar mar ek net minder troch de prachtige optocht. It feest waard sneontejûn ôfsletten troch in optreden fan de band Prime Suspect. In súkses formaasje út de buert dy’t op PinkPop net misstien hie. Se fiere dit jier harren 30-jierrich jubileum. As geastlike ôfsluter wie der sneintemoarn in tinte-tsjinst. Foargonger wie Jaap Klimstra en de muzikale begelieding wie fan it eigen korps Advendo. Tema fan de tsjinst wie: ‘It lêste is it bêste’ Referearjend oan 2 Korintiers 5: 1-5. Advendo joech nei de tsjinst in kostlik kofjekonsert.

Prizen fan de fersierde weinen. Jeugdweinen 1. Casino. 2. Movie Theatre. Buertweinen 1. Dia de los muertos. 2. Fan Suvelfabryk nei fakânsjeferbliuw. 3 Moarster masterbakkers.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

RTV NOF