VIDEO: Sluting Fiskgrûnen Skiermûntseach kin net!

di. 25 augustus · 11:332020 · 11:33 · Yvette Mannee

It kolleezje fan de gemeente Noardeast-Fryslân is it mei de FNP fraksje iens dat it sluten fan de histoaryske fiskgrûnen boppe Skiermûntseach in te grutte ierlitting wêze soe foar de fiskerij

Natuurmonumenten.nl

SKIERMÛNTSEACH – It kolleezje fan de gemeente Noardeast-Fryslân is it mei de FNP fraksje iens dat it sluten fan de histoaryske fiskgrûnen boppe Skiermûntseach in te grutte ierlitting wêze soe foar de fiskerij en belooft har yn te setten foar it behâld derfan. Dat litte hja witte yn de beäntwurding fan fragen dy’t de FNP stelde doe’t hja lucht krigen fan de sluting. Fraksjefoarsitter Bert Koonstra gie mei fisker Jetze Post it skip op en besleat dat aksje nedich wie.

De foarsitter fan it bestjoerlik oerlis hat yntusken ek de tasizzing dien dat de begrinzing fan de fiskgrûnen de ‘Borkumer Stenen’ wersjoen wurde sil. Hjirby wurdt de hjoeddeiske yntekening wizige en bliuwe de besteande fiskgrûnen hielendal of foar in diel yn stân!

Tsjek hjir it filmke dat RTV NOF – Noordoost Friesland makke en lês de folsleine beäntwurding fan de fragen.

https://ris2.ibabs.eu/Reports/ViewListEntry/noardeastfryslan/95e6ae28-ab9c-421d-b55d-344270d8be8a

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.