Wa is no de echte Mine Totalos?

ma. 27 oktober · 22:482014 · 22:48 · Bauke

Ofrune saterdei 25 oktober wie de premiere yn de Bazuin op ‘e Trieme. It wie hielendal útferkocht. De minsken koenen genietsje fan tal fan untwikkelingen die sich foardinen op it podium.

Mark de Boer

Ofrune saterdei 25 oktober wie de premiere yn de Bazuin op ‘e Trieme. It wie hielendal útferkocht. De minsken koenen genietsje fan tal fan untwikkelingen die sich foardinen op it podium.

Utlis oer it stik:
Dit jier is dat it stik fan Mine Totalos fan Hans Wijngaarden. De famylje Meindertsma hat in skroatbedriuw en sy sille in nije autokreaker yn gebrûk nimme.

Soan Eldert hat earst op fakânsje west nei Grikenlân. Hy fertelt syn heit dat er op stap west hat mei in dochter fan in grutte Grykske reder. Mem is alhiel fan it hynder as sy heart dat it in rike Grykse reder is. Sy sjocht it houliksboatsje al farren.

Mar foardat de nije autokreaker mei help fan de boargemaster yn gebrûk nommen is, stiet der noch hiel wat te gebeuren. En wa binne al dy froulju dy’t wy tsjin komme? Wa is no de echte Mine Totalos? Binne jim nijsgjirrich dan binne jim wolkom. Wy spylje it stik fjouwer kear dus genoach kar.

Freed 31 oktober doarpshûs “De Trije Doarpen”Kollumersweach, oanfang 20:00 oere. Saterje 1 novimber “De Tredder”Westergeest, oanfang 20:00 oere of freed 14 novimber “Old Dutch”De Westereen, oanfang 20:00 oere.

Foar ynljochtingen en kaartferkeap kinne jo skilje mei: Trientsje de Boer tel: 0511-445477 of Jellie Krol 0511-444948. Of sjoch op de webside www.noflik-tegearre.nl

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Mark de Boer