Wandkleed foar de skoalle yn Kramarzyny
Noch in goed wike en in groepke fan 13 learlingen út groep 8 geane fan 23 o/m 29 april 2009 mei in pear learkrachten en 6 heiten yn 5 auto’s nei Poalen.
Noch in goed wike en in groepke fan 13 learlingen út groep 8 geane
fan 23 o/m 29 april 2009 mei in pear learkrachten en 6 heiten yn 5 auto’s nei Poalen. Jimme witte fêst wol dat KBS ‘De Frissel’ yn Feanwâlden al jierrenlang in freonskipsbân ûnderhâldt mei har partnerskoalle yn Kramarzyny. Dit doarpke leit yn Kasjoebïe, in minderheidstalengebiet yn it noard-easten fan Poalen.
Op ús skoalle wurdt sûnt ein maart oan in unyke muorredekoraasje wurke! Wolle jimme dit noch sjen, kom dan sa gau mooglik efkes lâns, want dit grutte wandkleed giet mei as kado nei de skoalle yn Kramarzyny yn Poalen! Op ien fan de tafels yn it oerbliuwlokaal of yn de mienskipsromte leit it resultaat, woansdeitemiddei 22 april wurdt it ynpakt, ek wer yn bysûnder “pakpapier”!!! Wij binne fansels allegear tige benijd nei de reaksjes fan ús partnerskoalle!
It plaatsje hjirboppe mei Feanwâlden en Feanwâldsterwâl is de ynspiraasjebron. Dizze lytse plattegrûn is earst op papier útfergrutte oant ± 80 x 150 sm. en doe ferparte yn stikjes greide, boulân, natoergebieten, yndustryterreinen en doarpen. Elk stikje is troch learlingen útseage út tripleks. Om dizze stikjes hinne binne de lapkes spand dy’t âlders, bern en/as beppes dizze ôfrûne wiken breide, haakt, knope, filte en borduerd hawwe yn allerhande natoerkleuren…
De beide dorpen binne yn wiken ferparte en sa mei kleurige borduerstekjes oanjûn. De borduerde rails jouwe dúdlik oan dat dizze doarpen oan it spoar lizze! Koarkjebreidzjend binne fytspaden makke, mei kleurd sân it wetter en de grutste diken binne frissele… Dit slút wer oan bij de namme fan ús skoalle ”De Frissel”. Fan ‘e wike sille alle ûnderdielen in plakje krije op in plaat multipleks (100×180 sm.)
Al mei al is it in hiel bysûnder projekt wurden mei in nijskjirrich einresultaat!
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.