Wat in minsken wiene yn it spier op “NL doet”

za. 16 maart · 19:532024 · 19:53 · Jantsje Wiersma

KOLLUMERSWEACH, ALDWÂLD EN WESTERGEAST – Saterdeimoarn wiene der in protte frijwilligers yn it spier yn de regio op de twadde NL doet-dei. Elk jier yn maart organisearret it “Oranje Fonds” dizze  grutte frijwilligersaksje. Nl doet set hjirmei de frijwilligers yn it sintsje!

Jantsje Wiersma

KOLLUMERSWEACH, ALDWÂLD EN WESTERGEAST – Saterdeimoarn wiene der in protte frijwilligers yn it spier yn de regio op de twadde NL doet-dei. Elk jier yn maart organisearret it “Oranje Fonds” dizze  grutte frijwilligersaksje. NL doet set hjirmei de frijwilligers yn it sintsje!

Yn Kollumersweach krigen de boarterstúnen in goede skjinmakbeurt en der waarden nije tastellen pleatst op meardere plakken. De boarterstún fan Raadsherenlân waard mei man en macht, jong en wat âlder, oanpakt en stiet er wer goed foar. En der is in nij bankje pleatst. By de boarterstún oan de Ds. Griffijnstrjitte binne nije boarterstastellen pleatst dizze dagen.

Yn Westergeast waarden de tennisbanen oanpakt. De âlde gravel waard der ôfhelle en is ôffierd en nije gravel waard der mei in grutte groep frijwilligers wer op brocht. Yn de kantine waard der omraak skjinmakke, krekt as yn it MFC de Tredder. Dêr wienen in 5-tal minsken drok dwaande om alles goed skjin te meitsjen. By de iisbaan oan de Simmerwei yn Aldwâld waard de kantine en it hekwerk skjinspuite.

Al mei al is der hiel wat wurk ferset dizze beide dagen!

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Jantsje Wiersma