Wethâlder oerlanget it earste twatalige wurkboek fan Boekenpret
Tongersdei 31 jannewaris wurdt it earste eksimplaar fan it twatalige wurkboek foar liedsters en âlden fan it boek “Witst wol hoe mâl ik mei dy bin” oerlange op pjutteboartersplak ´It Fûgelnest´…
Tongersdeitemoarn 31 jannewaris wurdt it earste eksimplaar fan it twatalige wurkboek foar liedsters en âlden fan it boek “Witst wol hoe mâl ik mei dy bin” oerlange op pjutteboartersplak “It Fûgelnest” yn Dokkum. Likegoed de gemeente Dongeradiel as Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel (SPD) wolle yn it foarskoalsk ûnderwiis mear omtinken foar meartaligens. Yn it ramt dêrfan binne wurkboeken fan de taalstimulearringsmetoade Boekenpret foar in part oerset yn it Frysk. Dêrtroch binne de al besteande Fryske printeboeken better ynsetber. Wethâlder Sicco Boorsma sil it earste eksimplaar fan it wurkboek oan de liedsters fan “It Fûgelnest” oerlangje.
Boekenpret
Boekenpret is in metoade om jonge bern en har âlden ûntdekke te litten dat je mei foarlêzen in soad wille hawwe kinne. De bedoeling fan de metoade is dat de taalûntwikkeling fan jonge bern stipe wurdt, dêrtroch ferrint de oergong nei de basisskoalle makliker. In printeboek wurdt earst op de pjuttegroep foarlêzen, dan krije de bern it boek mei in wurkboek, it saneamde “speelontdekboek” mei nei hûs. Yn it wurkboek steane ferskate opdrachten om thús oan ‘e slach te kinnen mei it boek. Boartsjendewei wurdt sa oan de taalûntwikkeling wurke. De oanskaf en ferfanging fan de printeboeken wurdt regele troch de biblioteek en stipe troch de gemeente. Doe’t Boekenpret yn 2009 yn Dongeradiel yntrodusearre waard, hawwe alle pjutteliedsters training hân yn it wurkjen mei de metoade. Ek op de bernedeiferbliuwen yn de gemeente wurdt, mei de bern fan 2,5 jier ôf, wurke mei Boekenpret.
Yn Dongeradiel binne ferskate pjutteboartersplakken dy’t wurkje mei in offisjeel twatalich belied. Op dy plakken wie al langer it ferlet om by de metoade Boekenpret mear omtinken te hawwen foar it Frysk. No waarden by dy metoade al guon Frysktalige printeboeken brûkt, mar de wurkboeken foar thús wienen noch altyd yn it Nederlânsk. De gemeente hat dit as oandachtspunt meinommen yn de nota yntegraal taalbelied: “Meertaligheid in de doorgaande lijn”. In tal wurkboeken binne oersetten troch de Afûk, it Cedin en it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. Gemeente Dongeradiel hat it printwurk dêrfoar finansiearre. Yn 2013 sille de wurkboeken fan “Jarich syn jierdei” en “Wy geane hjoed op bearejacht” oersetten wurde.
Gemeente Dongeradiel
Yn de beliedsnota oer meartaligens fan de gemeente Dongeradiel stiet omskreaun dat de gemeente, yn de foarskoalske perioade, ekstra omtinken jaan wol oan it Frysk. De gemeente fynt it wichtich dat it taalgefoel fan bern goed ûntwikkelet, omdat dat foardielen hat foar de bern. Bern dy’t twatalich opgroeie leare bygelyks maklikker in tredde as fjirde taal. Boppedat is Dongeradiel in gemeente dêr’t likegoed Frysk as Nederlânsk praat wurdt.
Stichting Peuterspeelzalen Dongeradeel
Stichting Peuterspeelzalen Dongeradeel (SPD) is in oerkoepeljende organisaasje, dêr’t 13 pjutteboartersplakken út Dongeradiel ûnder falle. De organisaasje hat in twatalich belied formulearre en is op dit stuit dwaande it op ferskate pjutteboartersplakken yn te fieren. Seis lokaasjes dogge ûnderwilens mei oan it sertifisearringstrajekt meartaligens. SPD wurket entûsjast mei oan it Boekenpretprojekt. Op de webside fan SPD stiet ynformaasje oer de metoade.
Oerlanging
Op 31 jannewaris komt wethâlder Sicco Boorsma nei pjutteboartersplak “It Fûgelnêst” yn Dokkum. Hy sil earst it wurkboek oan de liedsters oerlangje en oanslutend “Witst wol hoe mâl ik mei dy bin” oan de pjutten foarlêze.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.