YNSTJOERD: “Gjin draachflak nije brêge Dokkum”
DOKKUM – De FNP Noardeast-Fryslân is fûleindich tsjin op de mooglike nije brêgen nei de binnenstêd fan Dokkum. “Net allinnich kostet it slompen jild, de brêgen binne folslein oerstallich en der is gjin draachflak foar.”
DOKKUM – De FNP Noardeast-Fryslân is fûleindich tsjin op de mooglike nije brêgen nei de binnenstêd fan Dokkum. “Net allinnich kostet it slompen jild, de brêgen binne folslein oerstallich en der is gjin draachflak foar.” Dat lêste blykt wol út in opinypeiling dy’t de FNP hold yn de binnenstêd fan Dokkum. Freed en sneon befregen hja hûnderten minsken oer de plannen foar in nije brêge. Yn it slotdebat yn de iisherberch frege listlûker Aant Jelle Soepboer yn in fjurrich petear oan Geertje Schoorstra fan it CDA hoefolle minsken oft sy tocht dat der foar in brêge wiene. In antwurd fan it CDA bleau út mar it wie in maklike gok west: net ien.
“Der sil fêst in hantsjefol minsken wêze dy’t der foar binne mar wy ha se net fine kinnen op ‘e strjitte, dêrneist waacht dat lang net op tsjin al dy minsken dy’t wy sprutsen ha dy’t tsjin binne. Dêr meie wy de eagen net foar slute, it libbet echt by de ynwenners.” Seit Soepboer dy’t fynt dat de nije brêgen jildfergriemerij binne dy’t ek nochris it histoaryske karakter fan de moaie stêd Dokkum mei har karakteristike bolwurken oantaaste.
Strutkuerfersterkjende saken as goeie parkeargelegenheid sjocht de FNP de mearwearde wol fan yn en ek fynt de FNP it wichtich dat de sportklups no aanst goed teplak binne. “lit it jild dêrom yn it projekt sitte mar helje dy bysûndere eleminten lykas in brêge en in útsjochtoer der út en jou prioriteit oan de saken dy’t wol wichtich binne. Dan hat it projekt fet om de lea mochten der finansjele tsjinfallers komme, en dy komme der.” Slút Soepboer ôf.
Om harren punt krêft by te setten naam de partij in floch op oer dit ûnderwerp, dy is op har sosjale kanalen te besjen en op youtube:
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.