YNSTJOERD: FNP-Achtkarspelen wol doarpshuzen kompensearje

wo. 16 februari · 12:002022 · 12:00 · yvette mannee

HARKEMA – De FNP fraksje yn Achtkarspelen tsjinnet yn de riedsgearkomste fan tongersdei 3 maart 2022 foar de fjirde kear yn de ôfrûne riedsperioade inselde moasje yn

HARKEMA – De FNP fraksje yn Achtkarspelen tsjinnet yn de riedsgearkomste fan tongersdei 3 maart 2022 foar de fjirde kear yn de ôfrûne riedsperioade inselde moasje yn. De FNP-fraksje wol  dat de doarpshuzen, de kluphuzen en de jeugdhonken yn Achtkarspelen jierliks in finansjele fergoeding krije, dy’t gelyk is oan de oanslach fan de ûnreplik saakbelesting(ûsb). Guon doarps- en kluphuzen krije it swier foar de kiezzen. De nije subsydzjeferoardening Sosjaal Kultureel Wurk fergoedet fan 2023 ôf net langer de húsfestingskosten en wurdt dêrmei in mûnestien om ‘e nekke fan ferskate doarps- en kluphuzen.

It wurdt no de fjirde kear dat de FNP-fraksje mei in moasje besiket de mienskipshuzen foar de ûnreplik saakbelesting te kompensearjen. Alle eardere kearen woe it kolleezje fan CDA, CU en GBA der neat fan witte en allyksa alle kearen stimden  de riedsleden fan CDA, CU en GBA de moasjes op kommando fuort. No einlings begjint it kolleezje der oer te prakkesearjen om de oanslach ûsb te fergoedzjen sa ha wy begrepen. Noch langer prakkesearjen tsjinnet gjin inkeld doel. Der moatte spikers mei koppen slein wurde. De ferskate frijwilligers net langer yn it ûnwisse litte, krekt oarsom dúdlikheid ferskaffe en takomst biede, sa is de FNP fan betinken.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.