vrijdag
11
november

Toanielselskip “Noflik Tegearre spilet trije ienakters

do. 20 oktober · 13:452016 · 13:45
Locatie: De Westereen
Begin datum: vrijdag 11 november 2016 00:00

In Bolle yn ‘e hûs fan Klaas van der Veen

Gryt Feenstra komt thús fan har wurk en hat foar har man Bjinse, dy’t de húshâlding docht, in nuver boadskip. In kollega fan har, in jonge frou dy’t gjin man ha wol mar wol in bern, hat har frege oft Bjinse har dêr net by helpe koe. Dit liket Bjinse nei fleanen. De ôfspraak is lykwols dat Antsje, de kollega, oer in kertier komme sil. Hoe sil dit ôfrinne?

Buul-Sit fan Eve Sluis-de Bruin

Olga en Emiel binne in spantsje. Hja komme elk út in alhiel oar miljeu. De âlders fan Emiel komme op besite by de mem en beppe fan Olga. In famylje út de “hegere” kringen by in famylje út de “legere” stân. Foaral ek yn it taalgebrûk sitte grutte ferskillen.

In hûs mei hûshâldster fan D. Mulder

De famylje Singelsma komt te húsbesjen by de widdo Arends.Yn in advertinsje yn ‘e krante biedt sy har hûs oan ‘mei húshâldster’,. De priis, dy ’t sy foar har hûs freget, falt Singelsma sa bot ôf, dat er net fierder wol as de wenkeamer. Syn frou wol dochs wol graach wat mear fan it hûs sjen. Yn dy tiid komt Singelsma yn ‘e kunde mei de húshâldster……

Data: 

Saterje 29 oktober doarpshûs “De Bazuin” Triemen, oanfang 20:00 oere.

Freed 5 novimber doarpshûs “De Trije Doarpen” Kollumersweach, oanfang 20:00 oere. (of mei buffet arrangemint, sjoch op www.detrijedoarpen.com).

Saterje 6 novimber “De Tredder” Westergeast, oanfang 20:00 oere.

Freed 11 novimber “Old Dutch” De Westereen, oanfang 20:00 oere. (of mei buffet arrangemint, sjoch op www.old-dutch.com).

Foar mear ynformaasje sjoch ek op webside www.noflik-tegearre.nl of skilje mei 0511-445477 of 0511-444948.