Anno is winner fan ferhalenwedstriid Lauwers Kolleezje
De gemeente Achtkarspelen hat dizze maitiid in ferhalewedstriid útskreaun. It Lauwers Kolleezje woe fansels mei har learlingen dêr ek oan meidwaan.
De gemeente Achtkarspelen hat dizze maitiid in ferhalewedstriid útskreaun. It Lauwers Kolleezje woe fansels mei har learlingen dêr ek oan meidwaan.
No komme net alle learlingen fan it LC út Achtkarspelen dus hat de skoalle in eigen wedstriid útskreaun: ‘Doch ek mei oan de skriuwwedstriid fan it Lauwers Kolleezje’
Anno fan 1F hat in moai ferhaal makke oer heks Dorelea en it Feankleasterbosk. Hy ferstjinne mei syn ferhaal in VIP-besite oan boekhannel v.d. Velde yn Ljouwert.
Sneon wie it dan safier. Earst ferrast mei in hiel lekker gebakje en in drankje en doe lekker sneupe yn de boekhannel. De meiwurkers fan boekhannel v.d. Velde hawwe Anno oan alle kanten holpen.
Hy hat trije spannende boeken útsocht dêr’t hy dizze fakânskje fan genietsje kin. Spitich dat hy syn ferhaal net nei de gemeente opstjoerd hie, oars hie er faaks nóch in priis krigen.
Lokwinske Anno!
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.