Betinking santichjierrige frijheid Feanwâlden

di. 14 april · 15:032015 · 15:03 · Archief RTV NOF

Op tiisdeitemiddei 14 april is troch de groepen sân fan iepenbiere basisskoalle Dr. Theun de Vriesskoalle en kristlike basisskoalle De Frissel stilstien by santich jier frijheid yn Feanwâlden. Nei in wurd fan wolkom oan fertsjintwurdigers fan Doarpsbelang, wethâlder Roelof Bos, oanwêzige âlden en oare belangstellenden droegen Esmee Dijk en Erik de Bruin elts in troch harsels skreaun gedicht foar.

Jaap van der Laan

Dernei songen de skoalbern it liet ‘In de nacht van Dromenland’. Hieke Betten en Rick Elzinga leinen in krâns ta neitins oan de slachtoffers fan de oarloch yn Feanwâlden en Feanwâldsterwâl. Nei ien minuut stilte waard it Wilhelmus songen. Nei de betinking gongen alle bern nei de Frissel dêr’t se mei in sprekker prate sille oer oarloch en frede.

Alle jierren adoptearje de bern fan groep sân fan de legere skoallen it monumint oan de Spoarloane. Foar de frijheid fan Feanwâlden en Feanwâldsterwâl stoaren Jan Jacob de Groot, Berend Julius, Johannes Prins, Jan Viersen en Tjalling Talma.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.

Jaap van der Laan