Boekpresintaasje 42 Fûgels oan ús kusten / 42 Vögels van uns Küsten · Foto('s): 
donderdag
12
oktober

Boekpresintaasje 42 Fûgels oan ús kusten / 42 Vögels van uns Küsten

vrijdag 06 oktober 2017
Locatie: Moddergat
Begin datum: donderdag 12 oktober 2017 00:00

De ynternasjonaal bekende tekener Steffen Walentowitz hat it skreaun en prachtige tekeningen makke fan waadfûgels. It berneboek is yn twa talen (Frysk en Plattdútsk). Der falt hiel wat te ûntdekken: 42 kustfûgels mei harren geheimsinnige libbens yn twa talen, it Frysk út de Nederlânske provinsje Fryslân en it Platdútsk út East-Fryslân yn Dútslân. Dat gifft en Bült to finnen: 42 Küstenvögels mit en besünner Leven un twee oll Spraken, dat Westfreeske in de nederlanske Provinz Freesland un dat Plattdüütske in de düütske Kuntrei Oostfreesland.

Boekpresintaasje
It earste eksimplaar wurdt oanbean oan deputearre Sietske Poepjes en wethâlder Pytsje de Graaf fan gemeente Dongeradeel. De boekpresintaasje fynt plak yn museum It Garnalefabryk yn Moddergat fan 9.30 – 10.30 oere. De bern fan de groepen 7 en 8 fan KBS De Griffel út Ljussens sille by dizze feestlike presintaasje oanwêzich wêze. Nei it offisjele diel wurde de bern en gasten û.o. op waadekspedysje meinommen û.l.f. de waadgidsen fan edukaasjesintrum De Klyster.

Boekgegevens
42 Fûgels oan ús kusten/42 Vögels van uns Küsten
Steffen Walentowitz
Utfiering: Ynbûn
Siden: 100
ISBN 978 94 92176 60 8
Ferkeappriis: € 8,95
www.afuk.frl
www.fryslan.frl
www.nationalpark-wattenmeer.de
www.ostfriesischelandschaft.de

  

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio