De KAT spilet ?In gekkeh?s in?t Sikeh?s?

do. 7 maart · 00:002013 · 00:00 · Archief RTV NOF

It is in tizeboel yn it Sikehûs. Troch besunigingen, in ferbouwing en te min plak wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. Troch de griep binne der in protte sieken en moat haadsuster Riny…

It is in tizeboel yn it Sikehûs. Troch besunigingen, in ferbouwing en te min plak wurdt seal 13 yn gebrûk nommen. Troch de griep binne der in protte sieken en moat haadsuster Riny harren rêde mei Ernst-Paul, in “gefoelige” ferpleger en de net al te snoade Bep. Ût need freget sy de skjinmaksters, Janny en Ilona, har te helpen as ferpleechsters.

Dan komme de pasjinten: Frou Cohen, krekt fan de OK, Kuperus, in âlde raasbek en is faaks net de man wêr’t er him foar útjout. Frou Visser, leaf mar dôf as in kwartel. Dêr komt noch by dat se alletrije graach by it rút lizze wolle en dat soarget foar in bulte opskuor. Gelokkich docht dokter Bouwer mei regelmjitte in rûntsje oer seal 13. Mar of’t de pasjinten dêr no safolle better fan wurde…..??

  • Op freed 08 maart en sneon 09 maart 2013
  • Plak fân opfiering: De Colle yn Kollum fanôf 20:00 oere.
  • Foarferkeap: Hilboezen en Passepartout
  • Telefoanysk reservearje: 0511-453972 tusken 17:30 en 19:00 oere.

© Foto: Jan Beets

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.