Feest op ‘Us Earste Begjin’ · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto

Feest op ‘Us Earste Begjin’

vrijdag 24 oktober 2014

It hat feest west op pjutteboartersplak ‘Us Earste Begjin’ yn Holwert. It boartersplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradiel wurket sûnt april 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern. Sy hawwe it trajekt no ôfrûne en liedsters Ykje van der Wal en Nynke Schoorstra hawwe it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ oerlange krigen fan wethâlder Pytsje de Graaf fan Dongeradiel. Yn it ramt fan de sertifisearring wie der in feest foar alle oanwêzigen, mei foar de bern de Tomkefoarstelling ‘De Hutselfrutsel’ fan Riemkje Pitstra en Jetske Miedema. Neist it feest omtrint de sertifisearring is der ek ôfskied nommen fan liedster Nynke. Sy hat har bot ynsetten foar it plak fan it Frysk en sy is troch Ykje en de bern yn it sintsje setten.

Provinsjale ûnderwiisbelied

De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 160 en is noch altyd groeiende.

Pjutteboartersplak ‘Us Earste Begjin’

Pjutteboartersplak ‘Us Earste Begjin’ is ûnderdiel fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradeel (SPD). SPD is in organisaasje dy’t pjutte-opfang yn de gemeente Dongeradiel oanbiedt. Likegoed SPD as de gemeente stimulearje twatalich wurkjen. Dongeradiel hat in beliedsnota ‘Meertaligheid in de doorgaande lijn’ skreaun en fan de 11 boartersplakken fan SPD wurkje der 6 mei in twatalich belied. ‘Us Earste Begjin’ is it earste pjutteplak dat sertifisearre is. Yn Holwert wurdt troch de liedsters konsekwint Frysk oanbean. It Nederlânsk hat ûnder oaren in plak by it foarlêzen en it sjongen, mar der wurdt ek in pop brûkt. ‘Us Earste Begjin’ brûkt Raai de Kraai fan de metoade Peuterplein, hy praat konsekwint Nederlânsk.

Nei oanlieding fan de fisitaasje skriuwt de fisitaasjekommisje it folgjende: Ykje en Nynke dogge harren wurk mei in soad nocht en leafde foar de bern. Dat is dúdlik te sjen oan de wize wêrop se mei de bern om gean. Se ha goed ynsjoch yn de ferskate karakters fan de bern en se jouwe harren hjirfoar de romte, mar ek de belangen fan de groep binne wichtich.

Se witte goed yn te spyljen op de bern en biede de bern in gesellich boartersplak. De romte witte se goed te brûken sadat elk bern mei oaren boartsje kin of him efkes weromlûke kin op in rêstich plakje.

Sertifisearring

Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de St. Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.

It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio