FNP Dantumadiel oan de slach yn de gemeenteried
Nei de ferkiezings fan 19 maart 2014 is it hurd wurkjen foar de polityk: gearkomste nei gearkomste. No it koälysje akkoart rûn is en ek de FNP in wethâlder leveret, wurdt it tiid om spikers mei koppen te slaan. In aktive hâlding. It wurd “soargje” is in kearnwurd foar polityk yn ús gemeente.
Nei de ferkiezings fan 19 maart 2014 is it hurd wurkjen foar de polityk: gearkomste nei gearkomste. No it koälysje akkoart rûn is en ek de FNP in wethâlder leveret, wurdt it tiid om spikers mei koppen te slaan. In aktive hâlding. It wurd “soargje” is in kearnwurd foar polityk yn ús gemeente. Fan 1 jannewaris 2015 ôf wurde in protte soarch taken by de gemeente ûnderbrocht. Wy hoopje as FNP-ers yn de ried fan Dantumadiel in soad betsjutte te kinnen foar de minsken.
Op ús aginda stean wurkbesittes mei de fraksje en bestjoer yn de soarch. It is benammen ferdjipje yn saken en dizze nei in heger nivo tille, dat wol mei de krekte yntinsje. Dit dogge jo faaks net allinne, mar benammen mei inoarder en foar inoarder. Der komme útnoegings fan bygelyks ferienings binnen om oan ús sjen te litten oer harren te folgjen belied. Geweldich is dat! Wy hawwe der tige nocht oan. FNP hat ear en each foar jo.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.