FNP-fraksje yn aksje
Sneontemoarn betiid stienen de leden fan de folsleine FNP-fraksje by Talant oan de Omloop yn Dokkum op de stoepe.Yn it kader fan MADD, de frijwilligersdei.
Sneontemoarn betiid stienen de leden fan de folsleine FNP-fraksje by Talant oan de Omloop yn Dokkum op de stoepe.Yn it kader fan MADD, de frijwilligersdei, hie Talant in oprop dien om mei te helpen it terras te fergrutsjen. Foar de bewenners fan de Omloop wie it terras wat oan de krappe kant. It terras moast útwreide wurde. De leden fan de FNP rekken entûsjast en sa waard ôfpraat om 4 april it terras oan te lizzen. B.J.Visser, bekend fan de sân en grinthannel, stelde belangeleas it sân ter beskikking en sa koe de fraksje oan de slach.
Ek de FNP-jongerein wie fertsjintwurdige. Sa lieten de FNP-ers sjen dat hja diedwerklik de hannen út de mouwen stutsen om foar de bewenners fan Talant in moaie romte te realisearjen. It is in prachtich stikje wurk dat de fraksje levere hat. Under it each fan in pear betûfte straters folden de FNP-ers de kroaden, skepten se sân, knipten de stiennen en leinen se te plak.It is noch net alhiel klear, nije wike wurde de puntsjes op i set. De bewenners en personiel wienen Talant wienen tefreden en hoopje op in protte moai waar sadat se mar lang genietsje meie fan it terras.
© Foto’s: Henk Aartsma
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.