FNP: minsken en miljeu gjin dupe gaswinning

zo. 31 maart · 00:002013 · 00:00 · Archief RTV NOF

Op inisjatyf fan de FNP Dongeradiel hat de Rie harren miening oer de gaswinning kenber makke. Jierrenlang hat de NAM ûntkent dat der in ferbân is tusken de skea…

Op inisjatyf fan de FNP Dongeradiel hat de Rie harren miening oer de gaswinning kenber makke. Jierrenlang hat de NAM ûntkent dat der in ferbân is tusken de skea/ ierdbevings, fersakkingen en skea oan besittingen en it winnen fan gas. De FNP is nochter, it winnen fan gas is no in gegeven. Yn Grinslân en N.E.F en yn it Waad wurdt elts jier goed 65 miljard kúb gas út’e grûn helle. Dat betsjut foar de rykskas dat hja 12 miljard netto yn boeke kinne. Konkreet fertaald nei ús regio betsjut dat by goed 10 miljard kúb per jier der netto 2, 4 miljard per jier yn de kas fan’t ryk skoot wurdt.  

En wat krij wij der foar werom? Troch de gaswinning en de gefolgen ûntstiet der in byldfoarming fan in regio dy’t sakket, in regio dêr’t de prizen fan de huzen nei ûnderen gea, toerisme en rekreaasje driigje sa minder nijsgjirrich te wurden en skea fergoeding moat jo foar de helsdoarren weiskuorre. It pleaget ús dat der yn Dongeradiel no al goed 2 jier mear gas út’e grûn helle wurdt as dat de fergunning oanjout. Bewenners en ek wy as gemeente wurde net serieus nommen. No mei der fan de minister ek samar 3 kear safolle gas wûn wurde. De FNP is ûngerêst en hja hawwe it kolleezje fersocht de gefoelens fan de rie en dy fan de ynwenners kenber te meitsjen oan de 2 de Keamer.

Sa wurdt der omtinken frege foar de ekonomyske aktiviteiten, it winnen fan gas mei gjin skea oanbringe oan minsken, besit , natuer en gea en de feilichheid fan de seediken moat garandearre bliuwe. Ek wurdt der oantrune op in romhertiger ynfolling fan it fynplakfoardiel  en wurdt oanstien om yn’e pleit te gean en oan te stean op in keppeling; hoe mear gas hoe mear jild yn it Waadfûns. De NAM wurdt fierder frege te soargjen foar in publyksfreonlike útjefte fan de feiten fan boaiemdelgong en dy regelmjittich beskikber te stellen. It prinsipe jildt : de NAM is feroarsaker en beteller fan de skea. De moasje krige stipe fan alle partijen yn’e rie. 

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.