FNP: Plannen gemaal Holwert sa gau mooglik trochrekkenje
De Provinsje moat it plan foar in nij gemaal by Holwert foar it ein fan dit jier troch rekkenje. Dêrby sil foaral sjoen wurde moatte nei de mooglikheid om yn Noard East Fryslân in konsept te ûntwikkeljen foar superfeilige seediken
De Provinsje moat it plan foar in nij gemaal by Holwert foar it ein fan dit jier troch rekkenje. Dêrby sil foaral sjoen wurde moatte nei de mooglikheid om yn Noard East Fryslân in konsept te ûntwikkeljen foar superfeilige seediken. Yn ‘t ramt fan it Deltaprogramma wurde dêr op dit stuit al ideeën foar útwurke. Dat stelt de FNP yn fragen oan deputearre Schokker. Oanlieding is it brief dat it Wetterskip oan Deputearre Steaten stjoerd hat oer benutting fan it NUON-jild.
De FNP freget ek nei fergelykbere plannen dy’t yn de jierren ’90 alris presintearre binne. De partij wol ek witte wat it nije idee fan it Wetterskip betsjut foar de plannen foar in gemaal by Lauwerseach en by de Tsjerk Hiddesslûzen yn Harns.
It Wetterskip stelt út om de plannen foar in nij gemaal by Holwert te kombinearjen mei rekreative ûntwikkelings. Ek soe der jild útlutsen wurde moatte foar in unike proef mei de oanlis fan in superfeilige seedyk by de Waadkust del. Omdat de ûnderfinings yn Fryslân dan lanlik tapast wurde kinne, soe der mear Ryksjild beskikber komme kinne, FNP wurdfierder Jan Visser tinkt dat sokke projekten mear kâns fan slagjen hawwe at alles yntegraal trochrekkene wurdt. Hy stelt dat it idee fan it Wetterskip perfekt oanslút by oare provinsjale doelen.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.