Frysktalige skriuwwedstriid yn Achtkarspelen

ma. 7 april · 08:272014 · 08:27 · Archief RTV NOF

De gemeente Achtkarspelen skriuwt in Frysktalige skriuwwedstriid út ynspirearre op de folksferhalen. Dit is ien fan de aktiviteiten út de…

De gemeente Achtkarspelen skriuwt in Frysktalige skriuwwedstriid út ynspirearre op de folksferhalen. Dit is ien fan de aktiviteiten út de ‘Nota Frysk taalbelied’ dy’t de gemeenteried it ôfrûne jier fêststeld hat. Hjirneist is it dit jier 100 jier lyn dat Dam Jaarsma (1914-1991) út Eastermar berne is. Jaarsma hat begjin jierren sechtich in hiel soad folksferhalen sammele, ek yn de gemeente Achtkarspelen. In moaie oanlieding om de ferhalewedstriid yn 2014 út te skriuwen.

Ynwenners út Achtkarspelen kinne oant en mei 31 maaie 2014 harren Frysktalich ferhaal by de gemeente ynleverje. De skriuwer hat it ferhaal heard fan in ynwenner út Achtkarspelen, bygelyks heit, mem, pake, beppe, bern, bernsbern, buorman of freon. It ferhaal is sa moai, raar of bysûnder dat de skriuwer it trochjaan wol. Alle spulregels fan de skriuwwedstriid binne te finen op www.achtkarspelen.nl/skriuwwedstriid.

Sjuery en prizen

De sjuery, dy’t de ferhalen beoardielt, bestiet út Jurjen van der Kooi út Bûtenpost, kenner fan folksferhalen, Douwe Kootstra út Feanwâlden, ferhaleferteller en Gerda van der Wijk út Feanwâlden, meiwurker by de Afûk. De skriuwer fan it aldermoaiste ferhaal wint in skilderij fan Noël Hariri (www.artnoel.nl), âld-ynwenner fan Surhústerfean. De moaiste ferhalen bondelje wy yn in boekje en elts ferhaal krijt in yllustraasje fan Noël Hariri. Yn juny krije alle ynstjoerders berjocht. Op in jûn yn oktober meitsje wy de winner fan it moaiste ferhaal bekend, presintearje wy de ferhalebondel en meie alle winners harren ferhaal foarlêze.

Dam Jaarsma en folksferhalen

Begjin jierren sechtich hat Dam Jaarsma (1914-1991) út Eastermar in hiel soad folksferhalen sammele. It opfallende wie dat de folksferhalen yn haadsaak út de noardlike Fryske Wâlden kamen. Fertellers út de gemeente Achtkarspelen spilen yn de totaalopbringst net swak by. Sa hat Jaarsma bygelyks allinne al op ‘e Harkema mear as hûndert man útfrege. Mar ek hie er syn adreskes yn ûnder oaren Boelensloane, Surhústerfean, Bûtenpost, Droegeham, Hamsterheide, Koatstertille en Stynsgea.

Jan Hepkes Wouda (1862-1939), in hûdekeapman út Surhústerfean, wie sa’n ferneamde ferhaleferteller. Jan Hepkes beluts graach grutte fiskferhalen op himsels, mar hy betocht sels ek in soad sterke ferhalen. By it keunstwurk fan Jan Hepkes yn Surhústerfean stiet ‘Hy makke lytse dingen grut en gewoane dingen bysûnder’.

Op www.achtkarspelen.nl/skriuwwedstriid steane alle spulregels en foarbylden fan folksferhalen.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.