Fuotbaljende keatsers of keatsende fuotballers

za. 15 mei · 00:002010 · 00:00 · Archief RTV NOF

De útspraak ‘Fuotbaljende keatsers of keatsende fuotballers’ is brûkt yn in foarbeskôging op in nij fuotbalseizoen yn’e jierren tachtich fan’e v.v. Ropta Boys. Eartiids wienen der fuotballers yn Ropta Boys 1 dy’t ek op nivo keatsten by de earste klasse fan’e CFK. (Kristlike Fryske Keatsbûn) De measte Ropta Boys tréners hienen hjirre in ferrekte hekel oan. De tréners kamen fan bûten en hienen meastentiids neat my it keatsen. Mar troch it keatsen wienen der oan it begjin en oan it ein fan it fuotbalseizoen in pear wichtiche spilers ôfwezich om te keatsen. No, anno 2010 is Ropta Boys noch altiten in feriening my in protte keatsers.

De útspraak ‘Fuotbaljende keatsers of keatsende fuotballers’  is brûkt yn in foarbeskôging op in nij fuotbalseizoen yn’e jierren tachtich fan’e v.v. Ropta Boys. Eartiids wienen der fuotballers yn Ropta Boys 1 dy’t ek op nivo keatsten by de earste klasse fan’e CFK. (Kristlike Fryske Keatsbûn) De measte Ropta Boys tréners hienen hjirre in ferrekte hekel oan. De tréners kamen fan bûten en hienen meastentiids neat my it keatsen. Mar troch it keatsen wienen der oan it begjin en oan it ein fan it fuotbalseizoen in pear wichtiche spilers ôfwezich om te keatsen. No, anno 2010 is Ropta Boys noch altiten in feriening my in protte keatsers.


Miskien is der dêrom fanôf it seizoen 1999-2000 oan it ein fan elts fuotbalseizoen de Ropta Boys partij. Dizze partij wurd fanôf maaie 2000 jierliks ôfwikseljend organisearre troch keatsferiening De Lêste Slach út Easternjitsjerk en keatsferiening Lijts Begjin út Nijewier. Dizze kear foar de alfde edysje op rige.  Freedtemiddei wie it wêr safier. De keatsende fuotballers fan Ropta Boys koenen yn’e krite op it Mearsfjild te Nijewier. It wie droech en reedlik faak kwaam de sinne te foarskyn, wêrtroch it waar noflik oanfielde. De temperatuer koe miskien noch wol wat heger, mar fierder wie it prachtich moai keatswaar.


Der wienen dizze freedtemiddei trije kategoriën keatsers. Manlju, froulju en de bern natuerlik. De opkomst wie goed, mar foarsittter Yme Braaksma fan keatsferiening Lyts Begjin hie graach sjoen dat der noch mear Ropta Boys spilers op it keatsfijld te bewûnderjen wienen. Miskien folgjende kear noch mear keatsers. Fierder wie de organisaasje fan keatsferiening Lyts Begjin treflik foarinoar ôfrûne freedtemiddei. 


Sa as gewoanlik wie der in protte striid om’e prizen by de jongerein. Der wienen in hiele protte keatsers. Fierwei de measte partueren stiennen op’e list by de jongerein. Ik wit it net seker, mar folgens my wienen der tsien as tolve partueren. Nei in dreeche middei keatsen gie it tusken it partuer Yorrick Elzinga, Siemen Jan Mol en Simon Torensma en partuer Pieter Sikkema, Geert de Haan en Doeke Jan Wilman om de priis of de premie. By fiif earsten gelyk gie úteinlik it lêste earst nei it partuer Yorrick Elzinga, Siemen Jan Mol en Simon Torensma. De tredde priis gie nei it partuer Rielof Jan Allema, Jelly Westra en Willem Wijma. Yn’e ôffalrûnde gie de earste priis nei Boele Terpstra, Remco Mook en Rosalyn de Vries.


By de froulju wie it spanningsfijld noch grutter. De lêste slach foel om kertier foar seizen, nei in prachtiche en spannende finale tusken de partueren Afke de Vries, Dora Lourens en Wieke de Vries en Esther Turkstra, Gritine Krol en Anita Braaksma. De lêste slach foel op’e stân fan fiif earsten gelyk en seis tsjin nul yn it foardiel foar it partuer fan Afke de Vries. De hiele middei hawwe de froulju spannend keats en wienen de ferskillen net grut. Dochs kin der mar ien partuer pronkje mei de krânsen. Freed wie it partuer fan Afke de Vries, Dora Lourens en Wieke de Vries krekt te sterk foar it partuer fan Esther Turkstra.


By de manlju wienen der acht partueren mei in ôffalrûnde. Hjirtroch koenen de keatsers yn elts gefal twa kear keatse. Net alle keatspotsjes wienen spannend te neamen, mar út en troch wurde der dochs goed keatst. Nei twa kear te winnen stiennen de keatsende fuotballers Sietse Allema, Harold Wiersma en Jan Torensma en Jan Allema, Meindert Jansma en Piet Torensma tsjin oer inoar yn’e finale. Yn’e finale rekke it partuer fan Sietse Allema trije kear it earst kwyt op’e seis gelyk. It partuer fan Jan Allema makke net folle fouten wêrtroch de foarbest opslager  Jan Allema op’e stân fan fiif om’e twa en seis gelyk in sitbal ôflevere en syn partoer nei de priis keatste.


Yn’e ôffalrûnde gie de priis nei it partuer Erwin Braaksma, Simon Dijkstra en Pieter Allema. Mei tank oan keatsferiening Lyts Begjin en nei de utrikkking troch foarsitter Yme Braaksma fan’e jild prizen (bern) en fleisprizen (manlju en froulju) en prachtich moaie krânsen kwaam der in ein oan dizze troch Ropta Boys sponsere Ropta Boys partij. 


Ferslachjouwer Jan Torensma. 

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.