Gerrit Breteler – Muzikale neimiddei yn de riedseal · Foto('s): Eigen foto
  Eigen foto
zondag
25
maart

Gerrit Breteler – Muzikale neimiddei yn de riedseal

dinsdag 06 maart 2018
Locatie: Buitenpost
Begin datum: zondag 25 maart 2018 00:00

Muzikale en artistike tûzenpoat Gerrit Breteler fan Nes komt nei it Hûs fan de Gemeente yn Bûtenpost. Hy is in opfallende en soad frege sjonger en folksartyst yn ús provinsje. Uteinset mei syn leafde foar de Ierske muzyk rûn syn muzikale paad lâns bands as Kneppelfreed, The Hones en Fling nei solo-optredens mei pianobegelieding.

Gerrit skriuwt syn eigen lieten, yn it Hollânsk en Frysk, oer saken fan it Fryske plattelân dy’t hy wichtich fynt. Syn bekendste nûmer is wol ‘Lit ús dêrom drinke’, in liet skreaun oer syn heit. ‘Op een dag’ stiet al jierren heech yn de Fryske Top 100. Njonken Frysk wurk grif ek Ingelstalige covers fan syn nijste cd “Still” op it program. Gerrit Breteler komt nei Bûtenpost mei pianist Peter van der Zwaag.

Oanfang: 15.30 oere / Riedseal Gemeentehûs Bûtenpost.
Foarferkeap: (dropshop Liquerice Bûtenpost) 12 euro / Oan de seal: 13 euro.
Ynfo: www.maskelynbuitenpost.nl of 0511 541444.

  Eigen foto

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio