Hé buorman! fan Klún & Knoffelhakke

wo. 11 september · 00:002013 · 00:00 · Archief RTV NOF

Jo kinne dat wol. In buert fol gesellige minsken. Oh sa meiinoar… Buertjûnen, barbeques, doarpsfeesten en gean sa mar troch. Wat kin it noflik wenjen wêze op sa’n…

Jo kinne dat wol. In buert fol gesellige minsken. Oh sa meiinoar…  Buertjûnen, barbeques,  doarpsfeesten en gean sa mar troch.  Wat kin it noflik wenjen wêze op sa’n  buert. Mar is it altiten wol sa  gesellich? Klaas en Jehannes libje njonken elkoar. As is it achterelkoar? Bytiden witte se it  sels net iens, want harren libben bestiet út it tsjin elkoar harsenskrabjen oer fan  alles en noch wat. As der dan ek noch in nuveraardich persoan delstrykt yn  harren buertsje, dan is it feest hielendal kompleet… No ja, feest?

Dit, en fansels noch folle mear, binne de yngrediinten fan de sânde  sjo Hé buorman!  fan it Hantumer teaterduo Klún & Knoffelhakke. Al sa’n 20 jier  is it duo op ‘n paad om de minsken yn Fryslân te fermeitsjen en oeral dêr’t se komme witte se de fleur deryn te hâlden. Ek mei dit nije  programma sil dat fêst wer slagje, want dat is it duo harren doel: de minsken in  noflike jûn besoargje. Lekker laitsje…  It bysûndere oan dizze sjo is, dat op ien ferske nei, de muzyk fan de ferskes spesjaal foar Klún & Knoffelhakke komponearre is.

Op sneon 28 septimber 2013 giet it programma Hé buorman!  yn premiêre. De premiêre wurdt hâlden yn it Bowling en Sealesintrum oan de Tichelwei yn Dokkum. De muzyk wurdt dizze jûn fersoarge troch the Party Inspiration.

Elk is wolkom by dizze fleurige premiêre. Kaarten kinne fia de ynternetside fan it duo besteld wurde: www.klun-knoffelhakke.nl

© Foto’s: Jan Beets

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.