“Jou in bern in boek” yn Ferwerderadiel

wo. 28 oktober · 13:102015 · 13:10 · Archief RTV NOF

Op tongersdei 29 oktober is it wer in spesjale dei foar de bern yn de gemeente Ferwerderadiel. Dan is der wer “Jou in bern in boek”. De bern fan de groepen 8 fan de basisskoallen yn de gemeente krije dan in Frysk boek.

Yn MFC “Het Spectrum” yn Burdaard komme de bern fan groep 8 fan de skoallen yn Ferwerderadiel byelkoar. De bern fan de groepen 2 hawwe op harren skoalle in eigen programma en krije yn desimber in boek.

Yn Burdaard komt byldzjend keunstner Hans Jouta út Ferwert del om te fertellen oer syn wurk. De AFUK stiet der mei in stik of wat diskes wêryn’t de bern in boek útsykje kinne.

Aktyf Frysk taalbelied
De gemeente Ferwerderadiel is in gemeente mei in aktyf Frysk taalbelied. Net allinne yn de eigen organisaasje stiet it Frysk heech yn it findel, de gemeente wol it Frysk ek ûnder de ynwenners fan Ferwerderadiel stimulearje.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.