Klaas Zoer fan CBS De Wel troud mei Yvonne · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

Klaas Zoer fan CBS De Wel troud mei Yvonne

zaterdag 10 oktober 2015

Breugeman Klaas Zoer kaam mei syn breid Yvonne freed 9 oktober op “syn”skoalle, CBS De Wel yn Broeksterwâld. Direkteur Klaas Zoer en syn Yvonne smieten dy deis de lapen gear. It houlik waard sletten yn Beetstersweach en de jûntiids ynsegene yn de Betheltsjerke yn Drachten. En de moarns wienen se ek by ús op skoalle. Fansels!

It breidspear waard by it stek ûntfongen troch in earehaach fan pjutten, beukers en de oare bern dy’t entûsjast mei “de lapen” swaaiden. Ien kear binnen, waarden se wolkom hiten yn de boartersseal dy ’t foar dizze bysûndere gelegenheid omtovere wie yn in feestseal, fol fan flaggen en fleur. Dêr waarden se ûnthelle op in feestprogramma mei in mjuks fan earnst en koartswyl, mei hjir en dêr in knypeach! Klaas Zoer komt út syn “mooie landtien”, út Drente. Yvonne is Friezinne.

Klaas moast dat noch wurde en dus waard er trakteard op in korte, mar ferheftige ynboargeringskursus, mei oan de ein it Fryske paspoart! It koe dus net oars of hy moast it bekinde “Bûter, brea en griene tsiis…” sa kreas as mooglik neisizze. It risseltaat foel net ôf, in moai begjin. As beleaning krige Klaas fan de bern bûter, brea en griene tsiis fan de beste kwaliteit! Sa kaam der in rige oare Fryske sechjes en sprekwurden, mei hieltiten in fariant yn it Drints, Klaas syn memmetaal, derby. Alle kearen wer oare groepkes bern seinen de sprekwurden yn it Frysk en Drints op en joegen dêr dan in bypassend kado by. By it sprekwurd “Wite hynders hawwe in bulte strie nedich”, waard him fyntsjes dúdlik makke dat in frou yn de pronk in soad jild kostet!

Op syn Drints: “Hej kninen, dan hej ok keutels!” Keutels krige er fansels net – wy moasten der net oan tinke dat harren moaie klean der jûns yn tsjerke noch nei stjonke soenen – mar al in pak strie. En der waard neitiid goed op tasjoen dat dy mei yn de trou-auto kaam. En Klaas wurket yn skoalle graach mei in draaiboek foar allerhande aktiviteiten. Dat wy hawwe him op it digiboerd in “draaiboek foar alle sneintemoarns” ynfolje litten: Foar Yvonne in sêftsean aaike, in croissantsje mei nageltsjetsiis, in gleske jus d’orange, tee mei klûntsjes, ensfh.

Wy hawwe fuort oankundige, dat wy Yvonne der oer in skoftsje nochris nei freegje sille, oft er him dêr wol konsekwint oan hâldt…. Doe kaam it lêste sechje:”Ien dei kin in skoalmaster lykop mei in boargemaster tarje” en mochten Klaas en Yvonne de bern en ús traktearje. En dat ûnder de prachtige, gefoelige klanken en tekst fan ús moaie liet “De Wâldsang” en fan it Drintse folksliet, “ Mien Drente, ik heb oe lief, mien eig’n Laandtien”. It wie sa in prachtich feest! Foar it breidspaar en foar elkenien, foaral mei de bern en troch de bern. Mar, dit alles hie sûnder in legerke oan helpâlders op allerhande mêd, sa net west. Foar al harren ideeën, tiid en ynset hertlik tank!

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
Klaas Zoer fan CBS De Wel troud mei Yvonne · Foto('s): Eigen foto's
Klaas Zoer fan CBS De Wel troud mei Yvonne · Foto('s): Eigen foto's
Klaas Zoer fan CBS De Wel troud mei Yvonne · Foto('s): Eigen foto's
Klaas Zoer fan CBS De Wel troud mei Yvonne · Foto('s): Eigen foto's
  Eigen foto's

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio