Marten Claus út De Harkema skriuwt winnend folksferhaal
Marten Claus út De Harkema is de winner fan de skriuwwedstriid fan folksferhalen yn Achtkarspelen mei syn folksferhaal ‘Harkemastier giel’.
Marten Claus út De Harkema is de winner fan de skriuwwedstriid fan folksferhalen yn Achtkarspelen mei syn folksferhaal ‘Harkemastier giel’. Dit makke sjueryfoarsitter Douwe Kootstra tiisdei 4 novimber bekend by de presintaasje fan ‘Erfguod fan juster foar hjoed’, in boekje mei folksferhalen út Achtkarspelen.
It folksferhaal ‘Harkemaster giel’ giet oer it omraak mei elkoar bouwen fan in hûs op ‘e Harkema. Foarhinne wienen dat de spitketen, mar letter waarden dat allegear stiennen hûzen. Nei in earste levering fan giele stien, waard hjirnei foar elts hûs deselde giele stien brûkt. Yn de stienfabryk yn Limburch, dy’t de stiennen levere, seinen se op it lêst: “Al wér in fracht Harkemaster giel”.
‘Harkemaster giel is in echt folksferhaal, der wurdt wat ferklearre. It stiet yn in moaie, dúdlike, streekeigene kontekst, hiel karakteristyk dy eigenbou op ‘e Harkema. It is koart om ´e hoek en goed skreaun mei in aardige clou en dêr sit dus ek it ferklearjende, it wichtige skaaimerk fan in folksferhaal,’ neffens sjueryfoarsitter en ferhaleferteller Douwe Kootstra út Feanwâlden.
Douwe Kootstra hat mei Jurjen van der Kooi út Bûtenpost, kenner fan folksferhalen en Gerda van der Wijk út Feanwâlden, meiwurker by de Afûk de ynstjoerings beoardield. De tsien moaiste, grappichste en aardichste folksferhalen binne bondele yn in boekje. By elts ferhaal hat Noël Hariri, âld-ynwenner fan Surhústerfean, in yllustraasje makke. Marten Claus krige foar syn winnende ferhaal in ynliste yllustraasje fan Noël Hariri.
No’t it 100 jier lyn is dat Dam Jaarsma berne is, hat Achtkarspelen in Frysktalige skriuwwedstriid foar folksferhalen útskreaun. De gemeente Achtkarspelen hat in ryk ferline mei folksferhalen. Begjin jierren sechtich hat Dam Jaarsma (1914-1991) út Eastermar in hiel soad folksferhalen sammele. It opfallende wie dat de folksferhalen yn haadsaak út de noardlike Fryske Wâlden kamen. Fertellers út de gemeente Achtkarspelen spilen yn de totaalopbringst net swak by.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.