Mienskiplike moasje FNP oer Sionsberg yn Dokkum · Foto('s): 

Mienskiplike moasje FNP oer Sionsberg yn Dokkum

donderdag 23 oktober 2014

De FNP fraksjes fan de gemeenten Dantumadiel, Dongeradiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân brochten dizze wike in mienskiplike moasje yn op de riedsgearkomsten fan harren gemeenten. Lyk as in soart oare partijen is de FNP tige besoarge oangeande it ferdwinen fan de driuwende soarch yn noardeast Fryslân en de gefolgen derfan foar de leefberens yn dit grutte plattelânsgebiet.

De fjouwer gemeenten sette meielkoar folop yn op previnsje fan soarch by de útfiering fan de trije desintralisaasjes en in goed wurkjend sikehûs De Sionsberg yn Dokkum mei derby driuwende soarchopfang is dan ûnmisber. Yn de moasje wurde de fjouwer kolleezjes mei klam oproppen om yn DDFK- ferbân alles te dwaan wat nedich is om in goed kwalitatyf sikehûs foar de regio te behâlden mei derby in 24- oeren driuwende soarch. Dit is de earste mienskiplike FNP -moasje dy’t yn de noardeast hoeke fan Fryslân yn DDFK- ferbân yntsjinne wûrdt om oan te jaan hoe wichtich it is om guon saken regionaal op te pakken.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio