Pjutteboartersplak ‘Krekt út it nêst’ is sertifisearre
Op tiisdei 10 febrewaris fierden pjutten, meiwurkers en âlden fan pjutteboartersplak ‘Krekt út it nêst’ yn Ingwierrum feest.
Op tiisdei 10 febrewaris fierden pjutten, meiwurkers en âlden fan pjutteboartersplak ‘Krekt út it nêst’ yn Ingwierrum feest. It boartersplak fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradeel hat it sertifikaat ‘pjutteboartersplak foar meartalige ûntwikkeling’ behelle. Riemkje Pitstra hat it sertifikaat oan liedster Johanna Visser oerlange . It boartersplak wurket sûnt april 2012 mei in belied dat rjochte is op de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern en sy hawwe it trajekt no ôfrûne. It wie de hiele moarn feest. Riemkje Pitstra en Jetske Miedema hawwe de Tomke-foarstelling ‘Lekker ite’ spile. De aktiviteiten foar de bern stienen ek yn it teken fan feest, iten en drinken.
Provinsjale ûnderwiisbelied
De Provinsje stimulearret sûnt 2003 de ynfiering fan Frysktalich en meartalich belied yn de berne-opfang en it pjuttewurk. It Sintrum Frysktalige Berne-opfang is oprjochte om plakken dêrby te helpen. It tal plakken dat it taalbelied ynfierd hat, stiet boppe de 175 en is noch altyd groeiende.
Pjutteboartersplak ‘Krekt út it nêst’
Pjutteboartersplak ‘Krekt út it nêst’ is ûnderdiel fan Stichting Peuterspeelzalen Dongeradeel (SPD). SPD is in organisaasje dy’t pjutte-opfang yn de gemeente Dongeradiel oanbiedt. Likegoed SPD as de gemeente stimulearje it twatalich wurkjen. Dongeradiel hat in beliedsnota ‘Meertaligheid in de doorgaande lijn’ skreaun en fan de 11 boartersplakken fan SPD wurkje der wylst 6 mei in twatalich belied. ‘Krekt út it nêst’ is it 4de pjutteboartersplak fan SPD dat sertifisearre is.
Op ‘Krekt út it nêst’ sjocht it twatalich belied der as folget út: Liedster Johanna Visser praat konsekwint Frysk mei alle bern. De frijwillichsters prate elk yn har eigen memmetaal. De hânpoppen Raai de Kraai en Tomke hawwe ek elk in fêste taal. Tomke praat fansels Frysk en Raai Nederlânsk. De beide talen krije ek har gerak by aktiviteiten as sjongen, foarlêzen en rôlespultsjes. De fisitaasjekommisje skriuwt yn har ferslach it folchjende: “Johanna biedt yn har pedagogysk hanneljen genôch taal, feiligens, struktuer en útdaging oan. Alles wat se docht en wat de bern dogge ûnderstreket se mei wurden, op in hiel natuerlike wize. Johanna is begien mei de bern en hat each foar it ferskil yn ferlet. Se is de hiele moarn yn har hâlden en dragen aktyf dwaande mei en by de bern. Se boartet mei as sy in geskikte yngong sjocht en brûkt dy gelegenheid om talich te wêzen.”
Sertifisearring
Sûnt 2000 bestiet de mooglikheid foar pjutteboartersplakken en bernedeiferbliuwen om sertifisearre te wurden op it mêd fan taalbelied. Yn opdracht fan de Provinsje wurdt dat sertifikaat takend troch de Stifting Frysktalige Berne-opfang. In fisitaasjekommisje komt del op de ynstellingen om harren wize fan wurkjen te beoardielen.
It taalbelied hat as doel de meartalige ûntwikkeling fan bern te stimulearjen en de foardielen fan in meartalich grutwurden te benutten. Dêrby wurdt in soad omtinken oan it Frysk jûn en wurdt dy taal konsekwint en ryk brûkt. Frysktalige bern krije sa in bredere basis yn de memmetaal, wat de ûntwikkeling fan it Nederlânsk ek te’n goede komt, en Nederlânsktalige of oarstalige bern komme boartsjendewei yn oanrekking mei it Frysk. Wêr fan tapassing kriget de streektaal in plak yn it taaloanbod.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.