Skriuwsters op it Lauwers Kolleezje Bûtenpost

vr. 24 januari · 12:362014 · 12:36 · Archief RTV NOF

De ferneamde skriuwster Caja Cazemier hat mei Ans Wallinga twa gastlessen jûn op it Lauwers Kolleezje.

De ferneamde skriuwster Caja Cazemier hat mei Ans Wallinga twa gastlessen jûn op it Lauwers Kolleezje. De 1e klassers hawwe it moaie Aksjeboek 2013 “Foarstelling” fergees krigen fan de provinsje Fryslân en Tresoar. Caja Cazemier hat al ferskate boeken skreaun foar bern fan dizze leeftiidsgroep.

Sy fertelde dan ek oer it meitsjen fan in boek. Ans Wallinga hat it boek “Echt spel” oerset yn it Frysk. Ek de bern hawwe in stikje tekst oersetten en dat foel noch net ta! Foar de bern tige nijsgjirrige lessen. In opstekker foar it Frysk! As tank foar har fijne lessen krigen de skriuwsters in Fryske ferrassing.

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.