Yn eigen taal presintearre yn Nijewier · Foto('s): 

Yn eigen taal presintearre yn Nijewier

donderdag 16 augustus 2018

Freed 7 septimber wurdt yn sealesintrum Nij Sion yn Nijewier de biografy Yn eigen taal fan de Fryske skriuwer, dichter en taalstrider Anders Minnes Wybenga presintearre.

Yn eigen taal, gearstald troch histoarikus Jan Minno Rozendal
Wybenga wie gernier yn ՚e omkriten fan Wetsens. Njonken it wurk op syn bedriuwke hat er in soad foar de Fryske saak út ՚e wei set.
Syn bydragen yn It Heitelân, De Tsjerne, De Stim fan Fryslân, It Griff. Frysk Tydskrift, De Dockumer Courant, it Friesch Dagblad en Yn ús eigen taal, it ledeblêd fan it Kristlik Frysk Selskip, binne net te tellen. Wybenga wie de earste Fryske dichter dy՚t it oandoarst en set alle 150 psalmen yn it Frysk oer (útjefte yn 1923). Dêrnjonken binne in roman, in tal dichtbondels, ferhalebondels en toanielstikken fan him útjûn. Hy wie mei-oprjochter fan it KFS en de Kristlik Fryske Folks Bibleteek (KFFB) en hat in sit yn de bestjoeren dêrfan hân.

Yn Wetsens is in wei nei him neamd, yn Nijewier stiet in stânbyld fan him en yn Hantumhuzen in keunstwurk mei ien fan syn gedichten. In biografy ûntbruts oant no ta.
Wybenga wie net altyd like noflik. De wrede kluten fan de klaai foarmen him ta in steech en rjochtsinnich man, dy՚t syn eigen wegen gie. Dat botste gauris, bygelyks mei mannen as E.B. Folkertsma, Douwe Kalma, Jan Piebenga en Fedde Schurer, en sil mei de reden west hawwe dat Wybenga der yn guon oersjoggen fan dy tiid bekaaid ôfkomt. Yn Yn eigen taal sjogge wy Wybenga sa՚t er echt wie.
De KFFB joech opdracht ta dit wurk yn it ramt fan Ljouwert/Fryslân KH 2018 én om՚t it santich jier lyn is dat Wybenga ferstoar.

Ynljochtingen oer de presintaasje en oer de biografy by M. Hoekstra-Stiemsma, Siniastrjitte 6, 9134 NZ Ljussens, tel. 0519 320838, e-post boekeklub@kffb.nl

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio