Locatie: | Noardburgum |
---|---|
Begin datum: | zaterdag 07 maart 2015 00:00 |
Sûnt oktober 2014 binne wy, toanielselskip Noardburgum, wer los! Dit jier spylje wy it stik It komt út ‘e loft. In klucht yn trije bedriuwen skreaun troch Pyt de Vries. Sa’t de titel al suggerearet, it is in stik dy’t fan healwizigens oan inoar hinget. Taapke Haarsma skuort it hiele hûs oer de kop want har skoandochter ùt Amearika sil foar it earst komme om mei harren yn de kunde te kommen.
Age Haarsma makket him der net drok oer.. Hy makket him wol drok oer it doarp en de bewenners, hy is al 25 jier foarsitter fan pleatselik belang. De bestjoersgearkomsten binne meast dreech. Nei ôfrin nimme de hearen noch wol ris ien…twa… No wol it tafal dat Age de jûns foardat de gasten komme noch in bestjoersgearkomste hat. Jim sille jimme de bûsen útskuorre!
Dus, as jimme wer ris in jûntsje laitsje wolle, dan moatte de folgjende data frij hâlden wurde: 28 febrewaris en 7 maart 2015. Beide jûnen is der nei ôfrin in ferlotting mei moaie prizen en fansels in moai stikje muzyk! De útfieringen ha plak yn it MFC yn Noardburgum en sette om 20:00 oere út ein. De seal is iepen om 19:00 oere. It yntreejild is €7,50. Foarferkeap op woansdei 25 febrewaris, fan 19:30 – 20:00 oere. Graach oan’t sjen!