Noflik “Tegearre” spilet op 24 febrewaris is stik: “Fakânsje oan de Rijn” yn de Trije Doarpen
Locatie: | Kollumesweach |
---|---|
Begin datum: | zaterdag 24 februari 2024 20:00 |
KOLLUMERSWEACH – Noflik “Tegearre” spilet op 24 febrewaris 20.00 oere it stik: “Fakânsje oan de Rijn” yn de Trije Doarpen.
In klucht fan Carl Slotboom
Koarte ynhâld:
Herman en Lys fiere fakânsje op in kemping yn Dútslân oan de Rijn, lyk tsjinoer de Loreley. Se binne al wat langer troud en alles giet net mear fan in laaien dakje. As der in boat foarby fart, en Herman sjocht syn skoanmem dêr op stean, wit er dat syn fakânsje wol es oars ferrinne kin as dat er tocht hie. Syn fermoedens komme út en skoanmem komt alle dagen even del, mei har nije flam, Job.
Dirkje, in swalkster, wennet sa’n bytsje op it bankje dat flakby de karavan fan Herman en Lys stiet. Sy bemuoit har sawat oeral mei en dat falt net by elk yn goede ierde. Rianne is oan it “Backpacken” en rekket troch ek op it bankje te sitten by Dirkje yn de kunde mei al de oaren op de kemping.
Fred, de stikeme frijer fan Lys, komt ’tafallich’ neist harren te stean en syn frou Mira sil der in dei op út, tagelyk as Herman in middei nei de “Loreley’ is…
Kaarten binne oan de seal te ferkrijen.
Der is gjin foarferkeap.
Entree foar folwoeksenen € 8,50
Foar bern oant en mei 16 jier € 5,00
Mear info: www.noflik-tegearre.nl
GRAACH OANT SJEN!