Berne-opfang ‘Blokkedoaze’ yn Damwâld is twatalich · Foto('s): Koos Scherjon
  Koos Scherjon

Berne-opfang ‘Blokkedoaze’ yn Damwâld is twatalich

woensdag 26 september 2018

Op woansdei 26 septimber wie it feest op berndeiferbliuw ‘Blokkedoaze’ yn Damwâld. De lokaasje fan Kids First wurket sûnt febrewaris 2016 mei in belied dat der op rjochte is de twatalige ûntwikkeling fan jonge bern te stimulearjen. Sy hawwe it sertifisearringstrajekt no ôfrûne en ha dat fiert mei de âlden en de bern. It sertifikaat foar it twatalich wurkjen waard oan de liedsters oerlange troch wethâlder Gerben Wiersma fan Dantumadiel. Foar de bern wie der in poppekas foarstelling fan Tomke.

Blokkedoaze en twatalichheid
Bernedeiferbliuw Blokkedoaze falt ûnder Kids First COP groep. Dy organisaasje biedt ûnder oaren berne- en pjutte-opfang yn in grut part fan Fryslân. Underwilens wurkje der mear as fyftich fan har lokaasjes mei in twatalich belied en in grut tal hat it sertifikaat dêrfoar behelle.

It twatalich belied sjocht der op dizze lokaasje as folget út: De fêste liedsters fan de Blokkedoaze prate allegear konsekwint Frysk mei alle bern. Yn it aktiviteite-oanbod is romte foar de beide talen. It Nederlânsk krijt in plak by it foarlêzen, it sjongen en by it wurkjen mei praatpop Puk. Sy wurkje ek mei Tomke, dy praat Frysk. Troch de beide talen dúdlik fan elkoar te skieden, leare de bern de talen goed út elkoar te hâlden en kinne sy op lettere leeftyd bygelyks makliker in tredde en fjirde taal leare.

Der hat in saneamde fisitaasjekommisje by Blokkedoaze west te sjen. Der wurdt sjoen nei ûnder oaren it taalbelied, de taalomjouwing en it pedagogysk taalklimaat. Oer de taalomjouwing skriuwt de kommisje ûnder oaren: ‘It wie moai om te sjen hoe’t de liedster it boekje oer Pip en Posy mei de bern trochnaam. De bern waarden hieltyd by it ferhaal belutsen, seagen ek bliid by dy moaie reade ballon en fertrietlik doe’t de ballon stikken rekke. De liedster lies foar en stelde de bern fragen oer de printen yn it boek.’

En oer it pedagogysk taalklimaat: ‘Der hinget in tige noflike sfear yn dizze groep. De bern ha in feilich en húslik plakje op De Blokkedoaze. De liedsters daagje de bern út en binne o sa talich. De bern krigen allegear rom de gelegenheid om te fertellen en by wat stille bern stelden de liedsters wol fragen of holpen harren op wei om wat te sizzen.’ By it sertifisearringstrajekt krijt Blokkedoaze begelieding fan it Sintrum Frysktalige Berne-opfang. By it SFBO binne rom 220 bernedeiferbliuwen en pjuttelokaasjes oansletten en dat oantal groeit noch altyd.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 09:00
    Op naar het weekend!
    Peter Visser
  • 09:00 - 10:00
    Ontbijtpop
    Peter Kraft
  • 10:00 - 16:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 16:00 - 17:00
    Gerrit on air
    Gerrit Wijkstra
  • 17:00 - 18:00
    Skerp op de Middei
    Kees Bakker
  • 18:00 - 19:00
    No Nonsense
    Henk en Gerrie
  • 19:00 - 21:00
    Country Ranch
    Harry Ettema
  • 21:00 - 22:00
    The Elvis Experience (week 1)
    Jaap Melessen
  • 21:00 - 22:00
    Heerlijkheden uit het verleden (week 2)
  • 22:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio