Dokterke boartsje yn Hantum · Foto('s): 

Dokterke boartsje yn Hantum

zondag 02 februari 2014

Toanielferiening ‘It Hantumer Ploechje’ út Hantum wie dit seizoen wat letter mei harren jierlikse útfiering mar de publike belangstelling wie der net minder om. Yn doarpshûs d’Ald Skoalle yn Hantum fierden sy op tongersdeitejûn harren generale repetysje en op freedtejûn harren útfiering út. It toanielstik wat dit jier opfierd waar wie in klucht fan Carl Slotboom neamd ‘Dokterke boartsje’. It stik is yn it Frysk oerset troch Abele Krist.

It stik spilet him ôf yn in susterpost fan in lyts sikehûs. De fan bankrôf fertochte Arie van Zanten (Mient Hof) is op de flecht foar de plysje. It gebou dat hy yn flechtet is in sikehûs. Yn it sikehûs stelt hy in wite doktersjas út de garderobe. At hy ferklaaid yn syn dokterstenú probearet út te naaien, rint hy haadsuster Gerda (Karen Hogenhorst) tsjin it liif. Sy sjocht him oan foar de nije dokter en stjoert him fuort op syn ronde.

Op de ôfdieling wurket ek ferpleger Bob (Bjinse Lawerman). Bob falt op mannen. Yn ferbân mei personielskrapte kriget de ôfdielingshelp Miep (Elly Visser) hulp fan bidnon Petronella (Sjoukje Lawerman). Fansels lizze der ek pasjinten yn dit sikehûs, wêrûnder de heech swiere Annie (Lely de Blécourt) dy’t tige ynnommen is mei de opmerklike ûndersiken fan de nije dokter.
Dan is der noch pasjint Chris (debút fan Jan Visser) dy’t troch in ûngemak ûnder in trein yn it sikehûs terjochte kaam is. Hy fynt dat hy te min oandacht fan de dokter kriget. Letter op’e dei wurdt yn it sikehûs de ynspekteur fan de plysje (Owe Dijkstra) opnommen mei prostaatklachten. Op oandringen fan de nije dokter moat hy fuort en daliks foar langere tiid ûnder narkoaze brocht wurde. Op in bepaald momint kriget it stik in oare draai at Miep de nije dokter yn’e gaten kriget, de haadsuster yn trance rekket en de bidnon fan har leauwe ôffalt nei it tútsjen fan ferpleger Bob.

Regisseur Lucas de Blécourt út Dokkum hat mei de spilers it stik op de planken brocht. De smink is fersoarge wurden troch Agnes Waterval en it dekor is makke troch Taeke Sijens, Meint Dijkstra en Gosse van der Woude. It ljocht en gelûd is fersoarge troch Jelke Lei.

It publyk hat harren goed fermakke mei dit flot spile stik en de tonielferiening kan werom sjen op 2 slagge jûnen!

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 19:00
    Hitz op Tongersdei
    Sjoerd Gjalt de Vries
  • 19:00 - 20:00
    Jazz Go Blue
    Gert Nitters
  • 20:00 - 21:00
    Country Trail
    Albert de Vries
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio