Fakseksje ropt Grutte Fryske Wurkstikpriis yn it libben

do. 2 december · 15:022021 · 15:02 · RTV NOF

LJOUWERT- De beropsferiening foar dosinten Frysk yn it fuortset, berop- en heger ûnderwiis hat de ‘Grutte Fryske Wurkstikpriis’ yn it libben roppen. Learlingen op de skoallen en studinten dy’t harren wurkstik yn it Frysk of oer it Frysk en Fryslân meitsje wolle, kinne mei it wurkstik in jildbedrach fan 200 of 100 euro  winne.

Eigen foto

LJOUWERT – De beropsferiening foar dosinten Frysk yn it fuortset, berop- en heger ûnderwiis hat de ‘Grutte Fryske Wurkstikpriis’ yn it libben roppen. Learlingen op de skoallen en studinten dy’t harren wurkstik yn it Frysk of oer it Frysk en Fryslân meitsje wolle, kinne mei it wurkstik in jildbedrach fan 200 of 100 euro winne.

Dat wurkstik mei letterlik alles wêze, fan praktyske opdracht oant profyl wurkstik, fan in opdracht yn in les oant de ôfstudearopdracht. De provinsjale fakseksje Frysk VLLT (Vereniging Leraren Levende Talen) hat de priis yn it libben roppen om learlingen yn it fuortset ûnderwiis en studinten yn it beropsûnderwiis en it heger ûnderwiis te stimulearjen om mei it Frysk en Fryslân oan de slach te gean.

De wurkstikpriis moet stimulearje dat learlingen en studinten har ferdjipje yn allerhande nijsgjirrige Fryske ûnderwerpen. Sa wurde se hooplik nijsgjirrich nei it skoalfak Frysk.

De priis wurdt alle jierren op ‘e nij útjûn oan de bêste wurkstikken dy’t troch in profesjonele sjuery beoardiele wurde sille. Meidwaan kin yn twa kategoryen: Fuortset ûnderwiis (VMBO,HAVO en VWOW en Berops- en Heger ûnderwiis (MBO, HBO en VWO). De wurkstikken moatte foar 30 maaie 2022 ynstjoerd wêze troch de dosint nei babs.gezelle.meerburg@nhlstenden.nl.

 

Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.