Fryske Krite spilet “It twadde Haadstik”

Zondag 10-02-2019
Waar:
Buitenpost
Wanneer:
Zaterdag 02-03-2019
Skriuwer Joris Schneider is nei 12 jier houlik syn grutte leafde Tine ferlern. It kostet him muoite om de tried wer op te pakken. Broer Leo helpt wêr’t hy kin, mar is sels ek net frij fan tûkelteammen yn syn eigen houlik.

En boppedat is it gêrs foar him oeral griener as thús. Aktrise Annie Geerts is krekt skieden fan har fuotballer Guurt en besiket yn har nije flatsje ek de regy fan har eigen libben wer te pakken te krijen. Kollega-aktrise en freondinne Bi docht bot har bêst om Annie by te stean en har yn de kunde te bringen mei oare mânlju. Sels twifelt se lykwols ek oan har houlik.

Dan kruse de paden fan de libbens fan dizze fjouwer minsken mekoar. Is harren in nije leafde gund? Of moatte se noch efkes trochwrakselje foardat se oan ‘It Twadde haadstik’ fan harren libben ta binne.

In blijspul mei ynhâld fan de bekinde Amerikaanske toanielskriuwer Neil Simon (1927-2018). Op 2 maart yn The Point Bûtenpost.

terug naar overzicht


Vandaag op de radio

00:00-19:00 | RTV NOF Nonstop
19:00-21:00 | Country Trail
21:00-22:00 | Brasstime
22:00-00:00 | RTV NOF Nonstop
Klik hier voor programma- informatie