INGEZONDEN: FNP Achtkarspelen boykot riedsgearkomsten · Foto('s): RTV NOF
  RTV NOF

INGEZONDEN: FNP Achtkarspelen boykot riedsgearkomsten

donderdag 02 april 2020

De coronakrises hat grutte effekten op ús lân en mienskip. Oeral wurde we alle dagen konfrontearre mei ferskriklik nijs en minsklik leed dy’t feroarsake wurdt troch dizze pandemy. Gearkomsten wurde ferbean, hiele sektoaren binne platlein en bern kinne net nei skoalle.

In útfeart kin net de oandacht fan de neibesteanden krije dy it fertsjinnet nei alle maatregels. ,,Wy moatte de rigels folgje om de minsken dy dit firus der net by hawwe kinne te beskermjen. De FNP Achtkarspelen fynt it dan ek ûnbegryplik en net besteanber om gewoan fysyk riedsfergaderingen troch gean te litten. Wy hawwe genôch minsken yn de ried of harren neisten dy dit firus perfoarst net hawwe kinne. Twads it sinjaal tsjinoer alle minsken en bedriuwen dy troch de oerheid fan it ien op it oare momint platlein binne. De oerheid nimt needsaaklike maatregels dy minsken, skoallen en bedriuwen djip treffe mar de gemeentlike oerheid yn Achtkarspelen fynt blykber dat al dy rigels allinnich foar in oar jilde en net foar harren sels.” In soad riedsleden hawwe oanjûn it hjir perfoarst net mei iens te wêzen mar der is gjin ferwin. Treds it dertroch hinne drukken fan ûnderwerpen dat barre sil, kin yn in demokratyske rjochtssteat net.

De FNP Achtkarspelen tekenet net by it krúske by de ûnderwerpen. Diskusje kin net barre. Oerlis yn it debat tusken fraksjes kin net barre om de 1,5 meter eask. Ien persoan per fraksje betsjut gjin twadde omgong wêr elk him útsprekke kin. ,,Wy as FNP Achtkarspelen binne djip teloarsteld yn de machtspolityk dy hjir bedreaun wurdt en winsket dêr net oan mei te wurkjen.”

FNP Achtkarspelen

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 07:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 07:00 - 08:00
    Harteklanken
    Non-stop
  • 08:00 - 10:00
    Klankbord
    Geestelijk verzoekplaten programma
  • 10:00 - 12:00
    Op 'e Hichte
    Nieuws uit Achtkarspelen & Tytsjerksteradiel
  • 12:00 - 14:00
    De Weekend Nieuwsshow
    Nieuws uit Dantumadiel & Noardeast-Fryslân
  • 14:00 - 18:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 18:00 - 20:00
    Hollandse Toppers
    Tinus Kempenaar
  • 20:00 - 22:00
    Hollands op zijn Best
    Joege en Jikke
  • 22:00 - 00:00
    Hit Tijdmachine
    Dicky Denkers
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio