INGEZONDEN: Lit it yn de Kollumerwaard net ploffe!
Freed hat steatssekretaris Tuinman op besite west yn Muntsjesyl. Ek de FNP Noardeast-Fryslân wie oanwêzich mei in grut spandoek. Mei de boadskip op dit spandoek wolle wy ekstra omtinken freegje foar de moasje Beckerman. Dizze moasje is yn de Twadde Keamer oannommen en moat útfierd wurde!

Yn dizze moasje stiet dat munysje yn kombinaasje mei gaswinning útsletten is. Yn de moasje wurdt rekkene mei in miljeu-sirkel rûnom mynbou skeagebiet en dêr falt Muntsjesyl binnen. Dat betsjut gjin munysje opslach en gjin springterrein.
Dit prachtige gebied is ús romte, ús goud en dêr is gjin romte foar in munysjeopslach en/of springterrein. It sit flakby Nationaal Park Lauwersmeer, in prachtich natoergebiet dat wy behâlde wolle. Ek sit yn dit gebied in proefbuorkerij dy’t unyk is yn de wrâld. It kin net sa wêze dat dit ferdwine moat om’t de miljeusirkels dit fereaskje en dat soe it kabinet mei ús iens wêze moatte.
As dit hjir komt, hat dit in te grutte ympakt op de mienskip yn dit gebiet en op it gebiet sels. Dat wolle wy net riskearje!
FNP Noardeast-Fryslân
Stuur je tip, video of foto's naar:
0511-441202 of nieuws@rtvnof.nl.