INGEZONDEN: Provinsje, wiis gemeenten op nije mooglikheden foar mear stjoer wentebou · Foto('s): 

INGEZONDEN: Provinsje, wiis gemeenten op nije mooglikheden foar mear stjoer wentebou

vrijdag 03 december 2021

LJOUWERT – De fraksje fan de FNP yn Provinsjale Steaten wol dat de Provinsje de gemeenten aktyf wiist op de nije lânlike mooglikheden om as lokaal bestjoer mear te stjoeren op de wenningmerk.

Yn it nijste foarstel fan demisjonêr minister fan ynlânske saken Kajsa Ollongren kin yn guon gefallen foarrang jûn wurde oan minsken út de eigen omjouwing. Dêrneist kinne gemeenten gebrûk meitsje fan de saneamde opkeapbeskerming. Dat betsjut dat allinnich minsken dy’t echt sels yn it hûs wenjen gean sa’n hûs keapje meie.

Fraksjefoarsitter Sijbe Knol: ‘Wy sjogge yn tanimmende mjitte dat it foar jongerein yn Fryslân, mar ek foar trochstreamers in poepetoer wurdt om in wente te besetten. Der is grutte konkurrinsje fan minsken fan bûten Fryslân, ynvestearders en twadde wente-besitters, sa as bygelyks yn plakken as Hylpen.’

Mei de nijste ynstruminten kinne gemeenten de kar meitsje om de eigen ynwenners in foarsprong te jaan by it finen fan in wente. Fia in saneamde húsfêstingsferoardering kin it besit fan in twadde wente tsjingien wurde. Knol: ‘Wy sjogge dat guon gemeenten de diskusje net oan doarre of net oangean wolle. Somtiden is ek net elk op ’e hichte fan de mooglikheden. Wy wolle dat de provinsje de gemeenten aktyf op ’e hichte bringt.’

Hast de helte fan alle Nederlânske gemeenten nimt stappen om ynvestearders op te kearen. De FNP is fan betinken dat ek Fryslân him provinsje-breed hjirop tariede moat. Knol: ‘Wêr op it iene plak de rigels stranger wurde, sil op oare plakken de ynvestearder de romte sykje. Wy moatte sa’n wetterbêd-effekt foar sjen te kommen.’ De FNP wol dat it provinsjale bestjoer sa gau as mooglik in brief nei alle Fryske gemeenten stjoere sil.

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio