VIDEO: Noordoost-Fryslân viert en herdenkt 75 jaar bevrijding · Foto('s): Bote Sape Schoortstra
  Bote Sape Schoortstra

VIDEO: Noordoost-Fryslân viert en herdenkt 75 jaar bevrijding

dinsdag 05 mei 2020

Maandag 4 mei, een dag van herdenking en verdriet. Bijna heel Nederland heeft de vlag op half stok. Dit jaar is onze Herdenkingsdag anders verlopen dan we die in de afgelopen 75 jaar hebben mee gemaakt. Ook in Noordoost-Fryslân.

Waar we normaliter met zijn allen naar het dichtstbijzijnde oorlogsmonument toe komen, om vervolgens met zijn allen stil te staan bij alle slachtoffers die getroffen zijn tijdens de oorlog. Kan dat dit jaar niet, maar doen we dat via televisie of livestreams. Om zo toch het gevoel te krijgen dat we erbij zijn wanneer de eerste kransen in Nederland worden gelegd.

Ook Bevrijdingsdag zal dit jaar anders verlopen dan dat we zijn gewend. Festivals en feesten zijn gecanceld vanwege het coronavirus, dus ook tijdens Bevrijdingsdag zullen die niet doorgaan. Op Bevrijdingsdag vieren we met zijn allen dat we bevrijd zijn en dat we blij mogen zijn dat we in vrede leven. Dinsdag 5 mei 2020 is het 75 jaar geleden dat Nederland bevrijd is, een speciale dag die zeker niet vergeten zal worden.

Video: Herdenkingen in de regio Noordoost-Fryslân

 

 

Taspraak 4 maaie 2020, Boargemaster Johannes Kramer, gemeente Noardeast-Fryslân

Jo kinne faaks it ferske wol fan Claudia de Breij, Mag ik dan bij jou? Dat begjint sa: Als de oorlog komt, En als ik dan moet schuilen, Mag ik dan bij jou? Dit ferske jout hiel helder oan hoe’t yts abstrakts en fierôf steand as oarloch hiel tichteby komme kin en persoanlik wurdt. As der moarn op jo doar kloppe wurdt? As der moarn immen ferlet fan jo onvoorwaardelijke stipe hat? As jo frege wurde om jo part te leverjen foar frede en feiligens? Fansels en aldergelokst: oarloch stiet al desennia fier fan ús ôf. Dat lit sjen dat wy de ôfrûne jierren de lessen fan dy foarige oarloch goed ta ús naam hawwe.

In sterke militêre gearwurking oan beide kanten fan de oceaan. In frij en wolfarrend Europa dat oer de grinzen fan eartiids hinne opboud is. Mar dat is gjin fanselssprekkendheid. En dat dat altyd wol sa bliuwe sil. Folgje it nijs mar. En dan hawwe wy ek noch de Corona crisis. Dat lit sjen hoe hommels, hoe hastich de besteande sitewaasje omslaan kin nei in nij normaal. Twa moannen ferlyn wie it ûntinkber dat ús hiele lân, ja de hiele ynternasjonale ekonomy sa ta stilstân komme soe. En betink, hoe normaal as dat no al wer field. It kin hurd oars…. Hjoed betinke wy de minsken dy’t de kar makke hawwe en kom op foar rjocht en frijheid, foar it libben fan de meiminske en dêrfoar mei harren libben betelle hawwe. Ik mocht yn Burdaard op de Fryske befrijingsdei it boek fan Sijbren van der Velde yn ûntfangst nimme. Van der Velde hat in mânske prestaasje leverje en boekstaaf de oarlochsskiednis fan Burdaard en omkriten. De titel fan it boek is Code HC1. Dat HC1 stiet foar de earste snein fan de Heidelbergse catechismus en it liedende begjinsel foar plysjeman Westra yn Wânswert-oan-de-Streek, dy’t omkaam yn it konsintraasjekamp Dachau. It leauwen wie foar him in rotsfêst betrouwen en plysje Westra stie der foar, oant yn de dea ta. Jo kin in hynder nei it wetter bringe, mar jo kin him net twinge te drinken.

Jo kin nimmen twinge om moedich te wêzen. De besetter koe minsken twinge, mar dyjingen dy’t harren tsjin dat ûnrjocht fersetten waarden net twongen. Hja diene dat út eigen frije wil. Sy diene harren eigen doar iepen. Omt sy in heger doel neistribben, in better doel, in minsliker doel as dat fan de besetter en syn helpers. En wat sterk is fanwegen innerlike oertsjûging is feitliken ûnbrekber. Omt de geast fan de died troch de tiid hinne folle fierder sprekt as it direkte, fisike effekt fan dy died. Lykas it foarbyld fan plysje Westra en al dy oaren sjen lit, ek no noch, 75 jier letter. Us lân is safolle mear as in flagge, in folksliet of de kleur oranje.

Us lân is safolle mear as in gebiet op in kaart. Us lân is foaral en benammen ek de wize fan libjen fan de minsken hjir mei inoar. Frij, sosjaal en mei respekt foar elts en foar ús eigen, ynfiduele keuzes. Mei mooglikheden foar dy’t dat kinne en mei soarch foar dyjingen dy’t dat sels net kinne. En de allesbepalende frijheid dy’t dêr ûnder leit, de frijheid om te tinken en te sizzen wat wy wolle. De frijheid om dat te dwaan dat ús sels it bêste past. En dy frijheid, dy is net samar en om de nocht. Dy frijheid is befochten en moat beholden en ûnderholden wurde. Derfoar is needsaaklik dat wy sjogge nei wat ús lân en syn bewenners freegje, dat wy ús doar iepen stelle foar dyjingen dy’t dat nedich hawwe en dat wy ús ynsette as minsken èn mienskip om ús lân frij, iepen en demokratysk te hâlden. En dêrfoar meije wy bêst elts jier twa minuten stil wêze.

 

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 08:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 08:00 - 09:00
    Goed Gestemd
    Oebele en Sia Vries
  • 09:00 - 11:00
    Tsjerke-tsjinst
    Dienst uit de streek
  • 11:00 - 12:00
    Capriccio
    Haite Schukking
  • 12:00 - 14:00
    Blasmusik im Herzen
    Durk en Annelies
  • 14:00 - 17:00
    Rûnwei Sport
    Live verslag van sport uit de streek
  • 17:00 - 18:00
    Geloven en Beleven
    Harry Nienhuis
  • 18:00 - 19:00
    Wâldklanken
    Harry Nienhuis
  • 19:00 - 21:00
    RTV Metalcafé
    Marcus en Jitse
  • 21:00 - 22:00
    Met de voet tussen de deur
    Martin van der Velde
  • 22:00 - 00:00
    New Age
    Kees Haremaker
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio