Tytsy Willemsma kandidaat-wethâlder foar Tytsjerksteradiel · Foto('s): FNP
  FNP

Tytsy Willemsma kandidaat-wethâlder foar Tytsjerksteradiel

zaterdag 02 februari 2019

De FNPfdieling Tytsjerksteradiel draacht Tytsy Willemsma foar as kandidaat-wethâlder foar it kolleezje. Fraksjefoarsitter Piet Reitsma is tige optein oer de foardracht: “Mei Tytsy krije wy in bestjoerder yn ús fermidden mei in grut netwurk en in protte ûnderfining yn it iepenbier bestjoer”. Tytsy Willemsma is de beëage opfolger fan Rommert Dijk dy’t op 1 febrewaris syn funksje dellein hat.

Willemsma wurket sûnt sân jier as adviseur public affairs yn Brussel foar it gearwurkingsferbân Noard-Nederlân en hat dêrfoar seis jier wethâlder yn de eardere gemeente Dongeradiel west. Sy fynt it in eare om troch de FNP foardroegen te wurden as wethâlder: “Ik ha der in protte nocht oan om foar Tytsjerksteradiel oan de slach te gean.” Tytsy Willemsma is 47 jier en wennet yn Boarnwert.

Op 14 febrewaris ynstallearret de gemeenteried de ‘commissie onderzoek geloofsbrieven’ foar de beneaming fan de nije wethâlder. Nei alle gedachten fynt it ynswarren plak yn de riedsgearkomste fan 28 febrewaris.

 

Auteur: Redactie RTVNOF
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 17:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 17:00 - 18:00
    Ouwe Meuk
    Leo Smidt
  • 18:00 - 19:00
    Willem yn 'e Jûn
    Willem Mulder
  • 19:00 - 20:00
    Fryslân Fan
    Jaap van der Laan
  • 20:00 - 21:00
    Werom yn de tiid
    Sietse Weistra
  • 21:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden? · Externe Radio