VIDEO: Dodenherdenking Dokkum: “Het tegengestelde van vrede niet oorlog, maar onverschilligheid jegens beide” · Foto('s): RTV NOF | Ben de Jager
  RTV NOF | Ben de Jager

VIDEO: Dodenherdenking Dokkum: “Het tegengestelde van vrede niet oorlog, maar onverschilligheid jegens beide”

zondag 05 mei 2024

DOKKUM – Honderden mensen liepen zaterdagavond vanuit de Bonifatiuskapel mee in een stille tocht door Dokkum. Bij het verzetsmonument aan de Woudweg werd een krans gelegd, evenals bij het monument op het Noorderbolwerk. Op het bolwerk werd vervolgens om acht uur twee minuten stilgestaan bij de gevallenen. 

Kinderburgemeester Ruben van der Veen droeg een gedicht voor in de Bonifatiuskapel:

“Geef me je hand en ik luister,
laten we praten,
vertel me over vrijheid,
en hoe dat niet vanzelfsprekend is,
vertel me over de oorlog,
en hoe ik ervan kan leren,
vertel me over jou,
en hoe ik er kan zijn,
ik luister,
ik luister graag,
totdat je alles hebt verteld,
uitgepraat bent,
geef me je hand en ik geef,
alle verhalen die ik ken,
door en door,
en door,
zodat we niet vergeten.”

Sjoukje Nutma zong als solo-zangeres: “Tot de Merel zingt”, het 4 mei koor zong ‘Dona nobis Pacem’, waarop de stille tocht vanuit de Bonfatiuskapel vertrok.

Tekst loopt door onder de video

Na de stille tocht en de herdenking op het Noorderbolwerk, was er nog een bijeenkomst in de Grote Kerk. Onder andere Sjoukje Nutma, het 4 mei koor, het Noord Nederlands Trombone Ensemble, Streekdichter Pieter van der Zwaag, burgemeester Johannes Kramer en Yurii Shmatkov uit Oekraïne en Klas Hoexum deelden daar hun verhalen.

De toespraak van burgemeester Johannes Kramer

“De wrâld laket ús net mear ta, en wy laitsje sels ek net mear. Wy wurde hieltyd eangstiger (… ] Us taak is te grut en dêrom wapenje wy ús mar mei bline ûnferskilligens.” Gjinien hat de passiviteit fan in soad Europeanen each yn each mei de barbarij fan it nazisme better beskreaun as de Eastenrykske auteur Hermann Broch, yn syn roman Die Schuldlosen (1950).

Dit boek, in mozayk fan koarte ferhalen, essays en poëzyfragminten dy ’t er yn ‘e rin fan ‘e jierren skreau, giet oer Dútslân yn ‘e tritiger jierren, by de opkomst fan it nazisme. In soad Dútsers wiene dêr net ferantwurdlik foar. Mar foar Broch wie trochlibjen as wie der neat te rêden, en de oare kant op sjen, ek in foarm fan partisipaasje oan it kwea.

Broch, fan Joadske komôf, flechte yn 1938 nei de Feriene Steaten en ferstoar yn 1951. Syn grutte libbensles: passiviteit fan boargers oangeande geweld is hast mear ferûntrêstend as geweld sels, omdat it dêrtroch syn gong gean en oerwinne kin. Hermann Broch doelde op de situaasje yn de jierren ’30, mar jo soene de passiviteit fan de minsken yn Dútslân en Eastenryk foar it tanimmende geweld fan de Nazi’s fertale kinne nei yn jo eigen bubble sitte. De bubble dêr’t je inkeld mar mei gelijkgestemden konfrontearre wurde en in iensidich dieet oan hiele en heale ûnwierheden opfuorre. De tanommen ynformatisearring en digitalisearring, benammen fia it ynternet en dat foaral de social media, lykje dêr in hiel grute bydrage oan te leverjen. De Techreuzen as Google en Meta spylje dêr op yn mei help fan algoritmen en AI, keunstmjittige yntelliginsje. Komt it dan aanst safier dat wêr’t de Dútsers nei 1945 seine: Wir habben es nicht gewusst, sizze wy dêr aanst: Mar dat hawwe wy nea sjoen op ús Insta, Tik Tok of Facebook?

En krekt as de minsken yn de jierren tritich dêr’t Broch it oer hie, wurde ek wy hieltyd eangstiger en sykje wy fanwegen dy eangst ús eigen gelyk of befêstiging fan ús eangsten op it ynternet en de social media. En dêrmei ûntstiet in nij soarte fan ûnferskilligens, in ûnferskilligens dy’t ús heal optwongen wurdt mar wêr’t wy ek foar iepen steane. Wêr’t wy foar iepen steane om’t we bang binne. Bang foar it ferlies fan ús wolfeart, foar oarloch of foar bûtenlanners of bang foar almachtige steatskontrôle. En dan ûntstiet it gefaar dat we saken fuortredenearje wolle en net mear sjen wolle sa se wier binne en mei gean yn desynformaasje, en de saneamde rabbit holes yndûke, de komplot teoriën ûntdekke en jawis, dêr wiene se wer, zondebokken fine. En net gau dêrnei hearre we de like simpele, oansprekkende mar ek misliedende oplossingen as: “Grinzen ticht”, “It is ús oarloch ommers net” of “From the River to the Sea”. En fansels, jo meie jo drok meitsje om it behâld fan ús wolfeart, de frede of flechtlingen of de situaasje yn Gaza. Mar it gefaar is dat men him dêrby net iepen stelt foar oare ynformaasje, foar ynformaasje dy’t in mear nuansearre byld opsmyt en dêrtroch in nij soarte fan ûnferskilligens ûntstiet. De bline ûnferskillichheid dêr’t Broch it ek al oer hie.

Mar sels al sjogge wy it gefaar, yn syn hiele hear en fear, doare wy it dan wol ûnder eagen te kommen en der neffens te hanneljen? De neiging ta kollektive kognitive dissonansje, om alles wat wy sjogge yn oerienstimming te bringen mei wat wy sjen wolle en dus saken foar ús eagen fuort te redenearjen, is grut. Om binnen ús eigen bubble te bliuwen. Wat kin we dêr oan dwaan?

Wy moatte ús realisearje dat it geweld yn de wrâld gjin natuerkrêft is, dat bûten en oer it minsklik fermogen hinne yn ús libben yngrypt. Nee, it geweld yn de wrâld komt út ússels. En dêr kinne wy dan ek, as wy dat op e tiid sjogge en ús op ‘e tiid realisearje, wat oan dwaan en úteinlik oerwinne. Want as de oarsaak yn ús sels leit, dan leit de oplossing dêr ek. By ús sels.

Je mag wel bang zijn maar niet laf. De titel fan it oangripende ferhaal fan de bruorren Bakker út Bûtenpost. En ik fyn dat dy titel fierder rikt as inkeld dat ferhaal, mar eins it hiele boadskip fan wat wy hjir hjoed mei inoar betinke omfiemet. De realisaasje dat it geweld yn de wrâld troch minsken komt en dêrmei dus ek stoppe wurde kin troch minsken. Minsken dy’t net ûnferskillich binne en harren eangsten oer winne en de moed fine om dêr wat oan te dwaan. Earst by jinsels en dan by de oar.

Want wy hawwe, om mei de bekende filosoof Carl Popper te sprekken, as minsken mei inoar de morele plicht ta optimisme. En wy moatte en meie ús as net fanwegen de eangst en fanwegen iensidige ynformaasje ta ûnferskilligens ferliede lit. Wy meie wol bang, mar moatte net laf wêze. Dat is wat de deaden, dy’t wy niis mei twa minuten stilte betocht hawwe fan ús freegje. Wy moatte de moed fine om inoar oan te sprekken, te begripen en te ferstean. Om mei inoar te besykjen de nije bline ûnferskilligens, de bline ûnferskilligens fan dizze tiid te oerwinnen. Yn de wurden fan Elie Wiesel:

Ik heb altijd geloofd dat het tegengestelde van liefde niet haat is, maar onverschilligheid,

het tegengestelde van kunst niet lelijkheid, maar onverschilligheid,

het tegengestelde van leven niet dood, maar onverschilligheid jegens beide,

het tegengestelde van vrede niet oorlog, maar onverschilligheid jegens beide.

Het tegengestelde van cultuur, schoonheid, edelmoedigheid is onverschilligheid. Dat is de vijand. En daarom geloof ik dat literatuur of kunst of schrijven of onderwijzen of werken voor de mensheid maar één doel heeft: vechten tegen de onverschilligheid.

Auteur: RTV NOF | Ben de Jager
Heb jij nieuws of een opmerking? Stuur de redactie een WhatsApp.
Stuur je tip, video of foto's naar:
  0511-441202 of   tip@rtvnof.nl.
VIDEO: Dodenherdenking Dokkum: “Het tegengestelde van vrede niet oorlog, maar onverschilligheid jegens beide” · Foto('s): RTV NOF | Ben de Jager
VIDEO: Dodenherdenking Dokkum: “Het tegengestelde van vrede niet oorlog, maar onverschilligheid jegens beide” · Foto('s): RTV NOF | Ben de Jager
VIDEO: Dodenherdenking Dokkum: “Het tegengestelde van vrede niet oorlog, maar onverschilligheid jegens beide” · Foto('s): RTV NOF | Ben de Jager
  RTV NOF | Ben de Jager

VANDAAG OP DE RADIO

105.0 - 105.8 - 107.0 - 107.3 - 107.8 FM
  • 00:00 - 19:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
  • 19:00 - 21:00
    Gospel Time
    Tjerkje Broersma
  • 21:00 - 23:00
    Wat Draaie Menu
    Martin van der Velde
  • 23:00 - 00:00
    It lûd fan Stêd, Waad en Wâlden
    Non-stop muziek met (regio)nieuws en weer.
© 1989 - 2024 RTVNOF · Contact · Tip de redactie · Ingezonden brieven · Disclaimer · Privacy Statement RTV NOF · Vrijwilliger worden?